NASA: Earste moanneflecht mei nije raket yn febrewaris
Resint ferskynd
De nije raket dêr’t NASA de kommende jierren wer minsken mei nei de moanne stjoere wol, sil yn febrewaris takom jier syn earste – noch ûnbemanne – flecht meitsje. Dat hat de Amerikaanske romtefeartorganisaasje bekend makke.
De 111 meter hege raket, it Space Launch System (SLS), moat de Orion-kapsule, it romteskip foar takomstige moannereizgers, yn in baan om ’e moanne bringe. De kapsule sil dêrnei mei help fan Europeeske motoaren nei de ierde weromgean.
It is de earste flecht yn it Artemis-programma. Mei de Artemis-missys wol NASA foar it earst yn hast in heale iuw wer astronauten nei de moanne bringe. It slagjen fan de ûnbemanne missy is in betingst foar it trochgean fan de folgjende flecht om ’e moanne yn 2023, dy’t wol bemanne wêze sil.
Yn desimber sil de raket nei it lansearplatfoarm op Cape Canaveral transportearre wurde. Yn jannewaris is in repetysje fan de lansearproseduere plend.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje