Myn bertegrûn (gedicht)

oktober 2, 2021 09:30 Fernijd

Myn bertegrûn

Foto: Wikipedia/Gouwenaar – publyk domein

Ik rin oer it paad dat my wiisd is
nei seis stappen hâld ik yn
is dit wat ik wol?
is dit de krekte rjochting?
nee, ik flechtsje nei de kime
dy’t achter de seedyk
leit te lonkjen
en dan sweef ik it Waad oer
de holle yn ’e weagjende wolken.
nimmen sil my tenei komme
nimmen dy’t myn spoaren waarnimme sil
ik stoareagje yn ’e fierte
en fiel myn bertegrûn rûzjend
ûnder my weiwaaien
ik wurd in blaugrize himel ynlutsen
in himel, my tasein yn myn jonge jierren
mar ta myn ferbjustering
wurd ik oer itselde paad de himel útlutsen
dus wol op it goede spoar.
ik bin te plak
werom op myn bertegrûn.
ek in himel.

Inne Bilker

oktober 2, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.