Muzykferieningen meitsje kâns op in solist fan it Noard Nederlânsk Orkest

oktober 27, 2021 07:59

It Noard Nederlânsk Orkest en Keunstwurk starte in winaksje dêr’t twa muzykferieningen in NNO-musikus mei winne kinne. Nei in earste suksesfolle wedstriid yn 2019 koe in ferfolch net útbliuwe. Fryske HaFaBra-ferieningen meitsje kâns op in solist dy’t by in konsert meispilet, by in tal repetysjes oanwêzich is en in wurkatelier of masterles oan de feriening jout. De winners wurde buorkundich makke by it konsert NNO goes HaFaBra op freed 21 jannewaris 2022 yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

NNO-musikus Wim van den Haak (foto: B Visuals Fotografie)

Wedstriid
Foar ferieningen is it in moaie mooglikheid om harsels nei in heger nivo te tillen of om in stik te spyljen dat al lang op ’e ferlanglist stie. De HaFaBra-ferieningen út Fryslân kinne in koart (projekt)plan yntsjinje dêr’t se yn beskriuwe wêr’t se de NNO-solist foar ynsette wolle. Dat moat in goed ûnderboud idee wêze fan op syn meast twa A4-kes. De basiskritearia foar it plan binne nei te lêzen op keunstwurk.nl/nno.

Masterlessen
Njonken de wedstriid wurde ek masterlessen foar de HaFaBra-wrâld organsearre. Op tongersdei 20 jannewaris binne der masterlessen foar fanatike Fryske muzikanten. De fergees tagonklike lessen wurden troch topmusisy fan it NNO jûn. Op woansdei 19 jannewaris jout Johan de Meij in masterles dirigearjen, tegearre mei Soli Brass Ljouwert. Johan de Meij heart ta de suksesfolste komponisten yn ’e wrâld fan muzyk foar HaFaBra. Ynskriuwe foar de masterlessen kin meikoarten fia keunstwurk.nl/masterclasses.

Foar it projekt wurkje it NNO, Keunstwurk en OMF (Organisaasje fan Muzykferieningen yn Fryslân) mei-inoar gear.

oktober 27, 2021 07:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.