Moasje hegere tariven rjochtbanktolken troch Twadde Keamer fersmiten

oktober 27, 2021 08:32

De Twadde Keamer hat tiisdei tsjin de moasje fan Michiel van Nispen (SP) stimd. Hy woe dat de tariven foar rjochtbanktolken en oersetters yndeksearre wurde soene. Sy krije no te min betelle foar harren oersetwurk by rjochtsaken, stelde Van Nispen. De tariven binne al jierren net yndeksearre. De eardere koälysjepartjien CDA, ChristenUnie, VVD en D66 stimden tsjin it foarstel. De twadde moasje oer it gebrûk fan it Frysk yn de rjochtbank helle it wol.

Boarne: Wikipedy/Ralf Roletschek – GFDL 1.2

Minister Grapperhaus ûntrette de moasje fan Van Nispen earder al. Hy sei dat er leaver sjocht dat in stelselfernijing ynfierd wurdt. Dy soe al langer ûndersocht wurde en nei alle gedachten takom jier ynfierd wurde kinne. De minister is it wol iens mei de twadde moasje. Hy seit dat er wichtich fynt dat minsken ek yn it Frysk yn de rjochtbank terjochte kinne, en as it nedich is mei rjochtbanktolken.

No’t de earste moasje it net helle hat, geane de tolken troch mei de stakingsaksje dy’t al in skoftke geande is. Foar Fryslân is de kwestje wichtich, mei’t der te min of gjin tolken Frysk by rjochtsittingen fan Fryske fertochten binne.

Lês ek:
www.itnijs.frl/2021/10/frysk-steatekomitee-nei-de-haach
www.itnijs.frl/2021/09/gjin-fryske-tolken-mear-yn-rjochtbank-fanwege-minne-fergoeding
www.itnijs.frl/2020/09/deputearre-steaten-mear-tolken-frysk-yn-rjochtspraak-troch-taaltoets
www.itnijs.frl/2021/10/taal-is-middel-en-doel
www.itnijs.frl/2021/10/nije-kneppelfreed-nedich-foar-frysk-yn-rjochtseal
www.itnijs.frl/2021/09/it-ferkearde-paad-yn-it-ferline-it-goede-paad-nei-de-takomst

oktober 27, 2021 08:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma oktober 27, 12:22

    Wat is de tekst fan dy twadde moasje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.