Moannestien weromfûn op Amerikaanske rommelmerk

oktober 1, 2021 09:20

In moannestien dy’t de Amerikaanske steat Louisiana kwytrekke wie, is weromfûn op in rommelmerk yn de steat Floarida. De finer hat de plakette mei it yn keunststof getten stientsje oan in museum weromjûn.

Astronaut Harrison Schmitt op it plak dêr’t de stien fûn waard (foto: NASA/Eugene Cernan)

De finer, dy’t anonym bliuwe wol, fertelde oan de webside CollectSpace dat er de houten plakette earne yn de ôfrûne fyfjin jier by in yard sale kocht hawwe moat. “Ik wyt net iens mear hoefolle’t ik derfoar betelle ha.”

De man hie it objekt kocht om’t er faker hout opnij brûkt foar pistoalkolven. Hy kaam der pas efter dat er wat bysûnders yn ’e hannen hie, doe’t er in jiermannich nei syn oankeap de houtkleur fan de plakette brûke koe. Foar’t er it plaatsje ferseagje soe, naam er noch de muoite om de tekst te lêzen. “Doe’t ik it lies, tocht ik: Hmmm, dat is gek. Ik socht der op ynternet nei en ûntduts dat se op syk wiene nei dat dinkje.”

De Apollo-astronauten namen 382 kilo moannestienen mei werom nei ierde. It measte dêrfan waard troch NASA reservearre foar wittenskiplik ûndersyk, mar de Amerikaanske oerheid joech ek lytse stikjes wei oan alle fyftich steaten en oan 136 lannen. De ûntfangers giene mei it seldsume materiaal net altyd like forsichtich om. Yn ’e rin fan de jierren rekke hast de helte fan alle útdielde geskinken wei. In stien dy’t oan Nederlân oanbean waard bliek letter ferstienne hout te wêzen.

Louisiana hat gjin aan wannear’t it no weromfûne stik fermist rekke is of hoe. It is ek net dúdlik hoe’t it úteinlik yn in oare steat telâne kaam is. Undersyk is troch gebrek oan oanknopingspunten net mooglik. Doe’t de finer kontakt opnaam mei de gûverneur fan Louisiana om de stien werom te jaan, ferwiisde dy him troch nei it wittenskipsmuseum yn de steat. “Hja woene dat ik it opstjoere soe, mar ik sei: ‘Dat wol ik net dwaan, ik sil ‘m wol bringe.’”

De oerdracht wie ferline jier, mar komt no pas troch it fraachpetear fan CollectSpace nei bûten ta. It museum tinkt noch nei oer hoe’t it de stien it bêste útstalle kin.

oktober 1, 2021 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.