Mischa Blok makket podcast by Koreäútstalling

oktober 26, 2021 08:49 Fernijd

Spesjaal foar de nije útstalling KOREA. Poarte nei in ryk ferline makke Mischa Blok in podcast. Mischa Blok is presintator by NPO Radio 1 en Avrotros, hat har eigen programma Miss Podcast en makke û.o. in radiodokumintêre oer har eigen adopsjeferline.

Mischa Blok (foto: Ruud Baan)

Yn de nije podcast ‘Poort’ fertelt Blok oer har relaasje mei Koreä en yn hoefier oft har bertelân noch as har thús fielt. Mischa docht dat yn har eigen styl: persoanlik, kwetsber en ûndersykjend. Se ferbynt it tema oan in wurk fan Juree Kim (Súd-Koreä, 1980), dat yn de eksposysje yn Ljouwert te sjen is. De podcast is fan 16 oktober ôf te beharkjen fia Spotify en princessehof.nl/podcast.

KOREA. Poarte nei in ryk ferline
Mei de hype om Squid Game hinne, de Oskarwinnende film Parasite en de populariteit fan K-pop lykas BTS en harren nijste klip mei Coldplay is de Súd-Koreaanske popkultuer Hot & Happening. It Prinsessehôf yn Ljouwert dûkt yn de kultuerskiednis fan dat bysûndere lân, oan ’e hân fan tema’s as ytkultuer, skjintme-idealen en rituelen. Topstikken út it National Museum of Korea yn Seoul komme foar it earst nei Nederlân. Fan betsjoenend seladon út de Goryeo-dynasty en in moon jar út de Joseon-perioade oant muzykynstruminten en kostúms fan it Gugak Centre yn Seoul en Museum Volkenkunde yn Leiden. Mar ek belangrike hjoeddeiske keunstynstallaasjes en filmbylden.

oktober 26, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.