Medisinen rûnom yn Nederlân yn it Frysk op te heljen

oktober 9, 2021 19:31
Betsjinning fan ôfjeftekast by apoteek yn Almere

Apoteken hoege op in soad plakken net iepen te wêzen om medisinen te leverjen. Mei ôfjeftekastjes kinne pasjinten it doktersguod ek bûten de iepeningstiden ophelje. Ut ferskate plakken yn Nederlân komt it berjocht dat it kompjûterke dat de kast iepenet ek yn it Frysk te betsjinjen is. De pasjint moat foar’t er syn gegevens ynfiert op in flachje klikke dat de taal útkiest dêr’t er ynformaasje yn kriget. Njonken Nederlânsk en in rûfeltsje útlânske spraken stiet it Frysk dêr ek by.

De meartalige automaten mei in Fryske betsjinningsopsje steane op ferskate plakken yn Fryslân, en ek ûnder oaren yn Almere en Nimwegen.

oktober 9, 2021 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.