Mear tiid foar Natura 2000-plannen

oktober 3, 2021 11:18

Natura 2000 is in netwurk fan unike, beskerme natuer yn Europa. Yn Fryslân lizze tweintich Natura 2000-gebieten. In stikmannich dêrfan lizze foar in part ek yn in oare provinsje. Foar alle gebieten is der in apart behearplan. Yn sa’n plan stiet watfoar bysûndere soarten en libbensgebieten beskerme wurde en hoe’t dat bart.

Alde Feanen. Foto Prov. Fryslân

De jildende behearplannen fan âlve fan de Fryske Natura 2000-gebieten soene no evaluearre en opnij opsteld wurde moatte. Omdat dêr mear tiid foar nedich is hat kolleezje fan deputearre steaten besletten om se mei seis jier te ferlingjen. Dat mei foar ien kear en it bart ek yn oare provinsjes wol. Dat jout tagelyk de mooglikheid om oan te sluten by de noch op te stellen gebietsplannen dy’t har rjochtsje op it ferleegjen fan de stikstofútstjit yn Natura 2000-gebieten.

It giet om de Natura 2000-gebieten Alde Feanen, de Deelen, Van Oordt’s Mersken, Weinterper Skar, Bakkefeanse Dunen, Rottige Meenthe & Brandemar, de dunen fan Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach en it Lauwersmargebiet. Foar it Lauwersmargebiet hat de provinsje Grins ynstimd mei it beslút om te ferlingjen. De no jildende eindatums fan de plannen skowe seis jier op. As in nij behearplan earder klear is, sil dat ek earder fêststeld wurde.

oktober 3, 2021 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.