Man oppakt foar moard op David Amess

oktober 16, 2021 22:54
Foto: morguefile.com

De Ingelske plysje hat buorkundich makke dat der ien oppakt is dy’t fertocht wurdt fan de moard op parlemintslid David Amess. Dy waard freedtemiddei yn in tsjerke yn Leigh-on-Sea fermoarde, dêr’t er in wyklikse moetings mei kiezers hie.

De fermoedlike moardner is de 25-jierrige Ali Harbi Ali. De man komt út Somalië en neffens de plysje is der by de moard op Amess sprake fan islamitysk terrorisme. Der wurdt neffens de plysje net socht om oaren dy’t handédich binne oan de moard.

Harbi Ali wie net bekend by de Britske feilichheidstsjinsten, mar hie al meidraaid yn in deradikalisearringsprogram fan de oerheid.

oktober 16, 2021 22:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.