Lieten, brea foar ûnderweis op myn reis

oktober 3, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn Guozzekloft binne fyftich fersen fan Klaas Feenstra* út Burgum sammele. Ien dêrfan is ‘Libbensliet’. De lêste twa rigels fan de seis strofen geane oer de wearde fan lieten.

Fyn ik hâld yn myn fertriet oan in liet.
Sykje ik wer krêft en ried yn in liet.
Krêft en oantrún troch in liet ta de died.
’t Moed, yn blidens oer de miet, sjongt in liet.
Lieten gongen altyd mei op myn wei.

It sechsde kûplet giet sa:

’k Wol mei hert en siel en stim
no, mei ynmoed, ûnberonge,
loovje God en tankje Him.
’k Mei myn libbensdagen sjonge.
Lieten, brea foar ûnderweis op myn reis.

Wy ha yn it Lieteboek foar de tsjerken (1977) in weardefol besit. “Elk minske hat syn/har eigen treast”, mar de wurden foar dy treast komme faak út de skat oan lieten dy’t de tsjerke hat. Psalmen binne der yn soarten, mar de twa grutste groepen binne de lof- en de kleipsalmen. Dy lêsten binne ‘ûnderweis nei de lof’. As de klacht utere is, komt der romte foar de lof. Hieltyd wer wurdt de gemeente oantrune om te loovjen. Meastal folget op dy oprop in rigel dy’t seit wêrom’t God de lof fertsjinnet:

Loovje Jahwèh… want machtich is syn leafde oer ús,
en de trou fan de Heare is foar ivich (Psalm 117).

Wat ik yn tsjerke mis, dat is it loovjen sa’t Psalm 150 dat bedoelt. Ik mis de trompet, it slachwurk, de harp, fioelen en fluiten en foaral de dûns. Mar ek dêrsûnder sis ik it Liesbeth List nei: “Yn in tsjerke is de akoestyk goed en dy prachtige psalmen klinke hiel fol. It is as komt der in waarme tekken oer jo hinne.”
Lieten, brea foar ûnderweis, op ús reis.

Lêze: Psalm 150

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

* 1929 Nijlân – 2020 It Hearrenfean. De foto is fan Tresoar

oktober 3, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.