Liet presintearret ynternasjonaal fideogala
Resint ferskynd
Tsien minderheidstalen op it toaniel
Tsien artysten, tsien talen en tsien lieten. Dat is yn it koart de show fan Liet Ynternasjonaal 2020+1. Omrop Fryslân stjoert it evenemint út op freed 8 oktober om 21.00 oere.
Foar Liet Ynternasjonaal hiene har tweintich artysten út hiel Europa pleatst. It evenemint soe al yn april 2020 yn it Deenske Aabenraa/Apenrade west hawwe, mar de reden dat it net trochgien is, is bekend. Ynhelje yn 2021 slagge ek net. Om de artysten dochs in poadium en it fertsjinne omtinken te jaan, komt Liet dêrom mei in fideogala, dêr’t tsien artysten út tsien ferskate taalgebieten harren muzyk yn hearre litte.
By de tsien artysten sit it Fryske Sequens, de winner fan Liet 2019, mei it liet ‘Do bist frij’. Oare artysten op it gala binne Bumbe Orchestra (Sardynsk), Carolina Rubirosa (Galisysk), Die Tüdelband (Platdútsk), Saara Hermansson (Súdsamysk), Juna (Tataarsk), Luis Núñez y los Folganzanes (Asturysk), Roger Argemí (Katalaansk), Turbokrowodn (Burgenlandkroätysk) en Zaman (Basjkiersk). De tsien artysten presintearje harren lieten en prate mei presintator Foppe van der Veen oer harren muzyk, taal en regio.
It is op 8 oktober dus allegear te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online, fan 21.00 oere ôf.
Takomme jier 13 maaie is der trouwens wer in gewoane edysje fan Liet Ynternasjonaal. Plak fan hanneling is Tønder. Foar Fryslân giet dêr de winner fan Liet 2021 hinne. Dat wurdt op 17 novimber yn Neushoorn holden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje