Lida Dykstra bliuwt berneboeke-ambassadeur
Resint ferskynd

Berneboekeskriuwster Lida Dykstra bliuwt in jier langer berneboeke-ambassadeur yn Fryslân. De organisaasje Boeken fan Fryslân hat dêrta besletten, omdat der yn it ôfrûne koroanajier op it mêd fan berneboeken net folle mooglik wie. De berneboeke-ambassadeur organisearret aktitviteiten dy’t bern entûsjast meitsje foar it lêzen fan Fryske boeken.
Frou Dykstra seit: “Ik fyn it prachtich dat ik noch in jier langer de kâns krij om as Berneboeke-ambassadeur lêswille te fersprieden. It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: ‘Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?’, of ‘Juf, meie wy fan ‘e middei ferhalen skriuwe?’, dan wit ik daalk wêr’t ik it foar doch.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje