Koroana-needtastân yn Dútslân wurdt opheft

oktober 28, 2021 11:58
Boarne: pixabay.com

Yn Dútslân hearsket fanwegen it koroanafirus al sûnt maart 2020 de needtastân. Dy jout de oerheid mear mooglikheden om sûnder demokratyske tuskenstap yngripende maatregels te nimmen. Hoewol’t it tal besmettings hurd oprint, wolle de partijen dy’t oer in nije Dútske regearinskoälysje ûnderhannelje dochs fluch fan de needtastân ôf.

As de partijen Grüne, SPD en FDP in regear foarmje, wurdt de needtastân op 25 novimber net ferlinge. Dy ferfalt dan automatysk. Dêrmei ferfalle ek allegear ferboaden en ferplichtings, lykas de plicht om yn winkels in mûlkapke foar te binen en de plicht foar restaurants om nei te gean oft de klanten koroanafrij binne.

It regear wol wol dat de Dútske dielsteaten oan maart 2022 ta wetlike mooglikheden krije om nije koroanaweagen te brekken. Sa soe yn dielsteaten mei in soad koroanabesmettings de regionale oerheid de mûlkapkeplicht wer ynfiere kinne.

oktober 28, 2021 11:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.