Konsultaasjeburo’s wolle poppen en pjutten ta bewegen oansette
Resint ferskynd

Beweechspegel. Boarne: Feilichheidsregio Fryslân
Sport Fryslân en GGD Fryslân wolle it belang fan it bewegen fan de alderjongste bern ûnder it omtinken fan de âlden bringe. Op achttjin konsultaaasjeburo’s sil dêr in begjin mei makke wurde.
Foar poppen is genôch bewegen yn de earste seis moannen fan grut belang, omdat it in positive ynfloed op harren sosjale, kognitive en motoaryske ûntwikkeling hat. De Sûnensried hat der yn 2017 al op wiisd dat der foaral fariaasje yn it bewegen sitte moat.
De konsultaaasjeburo’s dy’t dermei eksperimintearje sille, ûndersykje sels mei watfoar materialen se dat it bêste dwaan kinne en hoe’t se der de âlden ta oerhelje kinne om dêr thús mei oan ’e slach te gean.
It Fryske eksperimint kin fuortbouwe op de suksesfolle pilot beweechstimulearjende ynrjochting fan it kennisintrum Sport & Bewegen yn ’e mande mei it Nederlands Centrum Jeugdgezondheid (NCJ) op oare plakken yn it lân. GGD Fryslân en Sport Fryslân wurkje dêrmei gear en meitsje dêr gebrûk fan.
De finansiering wurdt mei mooglik makke troch subsydzje ‘Bewegen in de Buurt’ fan JOGG, in lanlik platfoarm dat oan in sûne omjouwing foar de jeugd wurket.

Klim- en kladderkommoade. Boarne: Feilichheidsregio Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje