Klimaattrein op wei fan Amsterdam nei Glasgow
Resint ferskynd
Om 8.47 oere is fan Amsterdam Sintraal de klimaattrein op wei gien nei de klimaattop yn Glasgow. De trein, dy’t hielendal útferkocht is, rydt fia Rotterdam en Brussel earst nei Londen en dêrwei nei Glasgow.
Oan board is in part fan de Nederlânske delegaasje, klimaatwittenskippers, jongelju en in stikmannich fertsjintwurdigers fan de grutte Europeeske spoarwegen. Hja gripe de reis oan om de trein as skjinne ferfierder te promoatsjen. It is ûnderwilens wenstich wurden om op duorsume wize nei in klimaattop te reizgjen. Sa ried yn 2015 ek al in spesjale klimaattrein út ferskate Europeeske haadstêden nei de wichtige top yn Parys.
Under de reis wurdt al oan de tarieding fan de top wurke. Der binne ferskate wurkateliers en sesjes oer duorsumens en klimaatferoaring. By in tuskenstop yn Brussel sil Eurokommissaris Frans Timmermans de trein útwiuwe. Yn Londen moat oerstapt wurde troch de likernôch fiifhûndert dielnimmers. De hiele groep kuieret dan nei in oar stasjon om dêr de trein nei Glasgow te pakken. Dy sil jûn om 19.00 oere Nederlânske tiid oankomme.
Protesten yn Glasgow
Yn oanrin nei de klimaattop wurde yn Grut-Brittannië al demonstraasjes fan klimaataktivisten holden. Yn Londen rôpen demonstranten as Greta Thunberg by in bank de finansjele wrâld op om ynvestearringen yn fossile brânje te skrassen.
Yn Glasgow sels fierde Ocean Rebellion in toanielstikje op mei demonstranten dy’t oaljekoarjende fetten as masker droegen. Dat moast omtinken freegje foar ‘grienwaskjen’, de praktyk fan grutte bedriuwen om in grien sauske oer in fersmoargjende aktiviteit te jitten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje