Keramykmuseum Prinsessehof presintearret soloútstalling Morten Løbner Espersen

oktober 24, 2021 08:35 Fernijd

Fan 6 novimber 2021 o/m 8 maaie 2022 presintearret Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert in solo-eksposysje mei wurk fan de Deenske keunstner Morten Løbner Espersen (Aalborg, 1965). Tekenjend oan syn keramyk is de spanning tusken foarm en oerflak. Dêrneist siket Espersen de grinzen fan glazuertechnyk op. Yn Forbidden Fruit yn it Prinsessehof eksperimintearret er mei rike glazueren, dêr’t tekstuer en wielderige kleuren sintraal yn stean.

‘Magic Mushrooms 2’ fan Morten Løbner Espersen (foto: Ole Akhoj, boarne: Prinsessehof)

Yn syn wurk eksperimintearret de Deenske keunstner mei materialen, kleuren en tekstueren. Hy is foaral fassinearre troch it gemyske proses by it meitsjen fan keramyk: “Foarwerpen makke fan klaai of glazuer kinne ferliedlik en magysk wêze. Ik bin fassinearre troch de feroaringen dy’t materialen ûndergean by it meitsjen fan keramyk. It is wûnderlik hoe saaie wite poeiers, ien kear bakt en foarme, feroarje yn foarwerpen fan net te beskriuwen skjintme mei in ferskaat oan tekstueren en glâns.”

Magic Mushrooms en Moon Jars
Yn it Prinsessehof toant Espersen in kolleksje Magic Mushrooms, allegear ferskillend fan foarm en kleur. De fleurige skulptueren binne neffens de keunstner in fisualisaasje fan de psychedelyske effekten dy’t paddo’s oproppe kinne. Dêrneist binne Moon Jars te sjen, in eksperimintele fariant op de tradisjonele Koreaanske ferzjes. De oerflakken hawwe acht lagen ferskillende glazueren. Se waarden ferskate kearen bakt. It resultaat is in kakofony fan kleuren en bizarre tekstueren. Sels seit er dêroer: “Se binne nea perfekt fan foarm, mar hawwe faak in spektakulêre útstrieling.”

Oer de keunstner
Morten Løbner waard berne yn Aalborg, Denemarken en studearre ûntwerp yn Kopenhagen en keramyk yn Parys. Yn 1992 iepene er syn studio yn Kopenhagen. Lange tiid wie er dosint oan ferskate ûntwerpopliedingen. Hy is lid fan de International Academy of Ceramics. Yn 2018 wûn er de Annie &  Otto Jos. Detlefs Ceramic Prize. Tagelyk mei syn útstalling yn Ljouwert is yn Kunstmuseum De Haach ek wurk fan him te sjen. Yn novimber ferskynt de earste ynternasjonale publikaasje dy’t Espersen makke yn gearwurking mei Glenn Adamson (Amerikaanske kurator en skriuwer) en Jan de Bruijn (konservator tapaste keunst en foarmjouwing yn Kunstmuseum De Haach). It boek is ek yn de museumwinkel fan it Prinsessehof te keap.

Morten Løbner Espersen: Forbidden Fruit is fan 6 novimber 2021 o/m 8 maaie 2022 te sjen yn it Prinsessehof yn Ljouwert.

oktober 24, 2021 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.