Katalaansk parlemint erkent Koerdyske steat Rojava

oktober 27, 2021 19:19
Giel: Syrië, grien: Rojava, read: troch Turkije besette dielen fan de eardere Islamityske Steat

In netwurk fan bûtenlânske ambassades hie Kataloanië al (ta argewaasje fan it Spaanske regear yn Madrid). No erkent Kataloanië as in folweardige steat ek noch in nije steat. Dat is wol in steat dy’t troch net ien oare steat op ‘e wrâld erkend wurdt, nammentlik Rojava.

Rojava is in regio yn it noardeasten fan Syrië, dêr’t benammen Koerden libje en fierder Armenen, Assyriërs, Toerkmenen en Sirkassiërs. It regear fan Rojava wol as selsstannich lân in bân mei de rest fan Syrië foarmje, neffens it model fan de Europeeske Uny. Rojava bestiet as politike ienheid sûnt 2012. De regio hat in grutte rol spile yn it bestriden fan de Islamityske Steat (IS).

“De Koerden seine oant no ta altyd dat se mar ien freon hawwe, nammentlik de bergen. Fan hjoed ôf hawwe se ien mear, nammentlik it Katalaanske folk.” Dat sei it Katalaanske parlemintslid Eulàlia Reguant, dat de moasje ta erkenning yntsjinne hie. It parlemint naam de moasje mei in mearderheid fan 80 om ‘e 49 stimmen oan. Alle tsjinstimmen kamen fan Spaansksinnige partijen.

Der besteane al lang yntinsive kontakten tusken Kataloanië en Koerdistan. Yn beide regio’s stribbet de befolking nei mear rjochten foar de eigen taal en kultuer, en foar mear politike macht. Yn juny wie der noch in offisjele besite fan Katalaanske parlemintsleden oan Rojava. Fierders is der yn Kataloanië in protte bewûndering foar de grutte rol fan froulju yn de Koerdyske beweging. It Katalaanske parlemintslid Susanna Segovia sei: “De revolúsje yn Rojava is yn feite in feministyske revolúsje, dy’t tsjin it manljusbolwurk striidt en dy’t draait om froulju.”

Oft de erkenning fan Rojava tiids tosk trochstiet, is de fraach. Nei alle gedachten sil de saak foar de Spaanske rjochter komme en de kâns is grut dat dy oardielet dat dy ûnrjochtlik is.

oktober 27, 2021 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.