Jopie Huisman, skilder fan it ‘mededogen’

oktober 31, 2021 07:00

Oertinking

Jopie Huisman (1922-2000) Boarne: Wikimedia Commons CC0 © Rob C. Croes / Anefoto

Euzie de foddekeapman út ’e omkriten fan Makkum is troch Jopie Huisman ferivige. Yn syn fierstente grutte jas dy’t er út de fodden fiske hat, sjogge de tûzenen besikers fan it Jopie Huismanmuseum yn Warkum Euzie skowen achter de foddekarre.

Euzie stiet model foar de lytse minske, de earme, dy’t yn ’e marzje fan de mienskip libbet. Jopie Huisman sei dêrfan: “Altyd al fielde ik my as troch in magneet oanlutsen ta minsken dy’t yn ’e eagen fan oaren neat wiene. Ik ferienselvige my mei harren.”

It museum lit ek sjen wat de skilder bewarre: ôfsliten en wer oplape skuon, tsientallen kearen ferstelde broeken en himden, berneskuon dy’t ôfdroegen binne, boartersguod fan bern dêr’t neat gjin goeds mear oan is. “Dat,” sei de skilder, “wie foar my it meast weardefolle, dêr koe ik myn gefoel by kwyt.”

Sels fyn ik de ûnderbroek fan Meuke Albertsje in top-stik. Jopie Huisman fertelde derby: “Dêr hat in minske yn sitten, dy’t iet en dronk en leaf hie. En dit hie se om ’e lea. 133 kear hat se dy broek op ’e nij fersteld.”

Mei syn keunst rekke Jopie Huisman it hert fan it bibelsk boadskip: God kiest foar it swakke. Sûnder Jopie hienen Euzie en al dy oaren dy’t it paad fan ’e earmoede lâns moatte, gjin namme krigen. Sûnder Jezus hiene Lazarus, Bartimeüs, Sacheüs, Maria Magdalena en safolle oaren gjin namme krigen.

“Oer de troep leit in glâns”, sei immen oer it wurk fan Jopie Huisman. De glâns fan Gods kar foar it ferlerne, de glâns fan it ‘sillich de earmen’. Freek de Jonge neamde it museum fan Jopie Huisman it museum fan it ‘mededogen’. En: “De besikers fan it museum wurde achte dat ‘mededogen’ yn har op te nimmen en it fier bûten Warkum kenber te meitsjen.”

Datselde appèl docht Jezus op ús yn it ferhaal oer de earme Lazarus.

Lêze: Lukas 16:19-31

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
oktober 31, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.