Jan Schokker: Mastersfûgel

oktober 23, 2021 07:02 Fernijd

Kollum

Wy binne foar ús wurk yn La Rochelle, mar sjogge as nijsgjirrige reizgers om ús hinne. De havenstêd mei sa’n 70.000 ynwenners leit yn it westen fan Frankryk, oan de Golf fan Biskaje, en is ien en al histoarje. Fan de tolfde iuw al ôf is La Rochelle in wichtige havenstêd troch hannel yn sâlt en wyn. Der binne moaie arkaden en in soad smelle strjitsjes mei typysk Frânsk bepleistere geveltsjes. It sâlt fan de see sit yn de speesje dy’t foar de bou brûkt is, dat kin net oars. De haven is wier in plaatsje.

It folk fan La Rochelle is fanâlds behoarlik rekalsitrant. It stedsje hat langer as in jier útmergele west troch in belegering fan it sintraal gesach fan Lodewijk XIII. It ferlear fan syn befolking, meast Hugenoaten, troch hongersneed yn fjirtjin moanne tiid in tredde part. Dat der noch safolle fan it âlde yn La Rochelle bewarre is komt mei trochdat der yn de Twadde Wrâldoarloch net bot fochten is. It wie it lêste Dútske bolwurk yn Frankryk dat him oan de alliearden oerjoech.

Ynienen hear ik lûd skellen yn it Dútsk. It giet der freeslik om wei. Ik sit op de iPhone noch yn de histoarje fan La Rochelle, moai yn it sintsje, efkes bûten oan ’e kofje en in broadsje gebak mei tsiis. Earst tink ik dat in man spul hat mei immen fan de standbewekking. Dan docht bliken dat it gjin Dútsk is, it moat in Limboarger wêze dy’t grouwélich tsjin syn frou tekeargiet. Teminsten, ik nim samar oan dat it syn frou is, it kin ek in suster fan him west hawwe, miskien in meiwurkster. It is in wat âlder stel. De frou kin werklik gjin goed dwaan. Sa te sjen giet it inkeld om futiliteiten. Se set guod dat de man út de auto hellet blykber net stevich genôch tsjin de sydkant fan it buske of se hellet wat út it buske dat net mei hoecht. Prottelje kin elkenien wol, mar dit is gewoan platwei skellen wat dy keardel docht, as in soarte fan frustrearre hûnetrener. Mar de frou, de frou ferlûkt gjin spier, as is se oan it geskel fan dy skjirresliper al in ivichheid wend. Sa no en dan tôgje se beide wat nei harren stand. Ta ferdigening fan de Limboarger bullebak moat ik der miskien by sizze dat er it net te rom hat. Gjin kondysje, in bulte sloppe spieren, stikkenrookte longen of in straf fan hegerhân fanwegen asosjaal gedrach, wa sil it sizze? Hy moat der sa no en dan efkes by sitte om út te pûsten. Der wurdt hiel wat út it buske helle, mear as der yn sit, liket it wol. It giet mei lytse bytsjes. Nuver, de frou huppelet noch like ûnferfeard achter har baas oan. Miskien tinkt se fan noch efkes en dan bin ik dy buffel kwyt? Of kin in leafde sa djip sitte dat men alles mar gewurde lit? Myn maatsje hie my al lang fuortjage of úthongere.

Letter observearje ik harren wat temûk as se oan it ynrjochtsjen binne. No hat de frou dúdlik de lieding, sy is it dy’t de produkten teplak set en de banners ophinget. No assistearret de bullebak, sûnder tsjin te akseljen, te protteljen en foaral sûnder ek mar ien wurd skellerij. Nuver. Mar sa te sjen hat er ek net folle enerzjy mear. Bin benijd hoe’t it oer fjouwer dagen mei de ôfbou gean sil. Ik tink net dat se derby binne. De frou hat dan in roubeklach.

oktober 23, 2021 07:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.