‘It neidiel fan ’e twivel’ is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem
Resint ferskynd
By útjouwerij Afûk is in nij boek ferskynd fan de hân fan I.E. Bloem. It neidiel fan ’e twivel is in spannende en aktuele jeugdroman dy’t him ôfspilet yn Italië oan it begjin fan de koroana-pandemy. It is it twadde jeugdboek fan dizze auteur dy’t in flot en tagonglik ‘coming-of-age’- ferhaal skreaun hat.
Ynhâld
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ’t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it koroanafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?
Oer de skriuwer
I.E. Bloem is in pseudonym. De auteur jout dêr yn it Frysk Deiblêd fan 20 maaie 2020, nei oanlieding fan it ferskinen fan syn/har earste jeugdroman Eudaimoania, de folgjende taljochting op: “De wichtichste reden is dat oandacht totaal net oan my bestege is: yn dizze sin bin ik eigenheimisch en stean ik op myn privacy. Sadwaande diel ik leaver ek gjin details oer bygelyks leeftyd, geslacht of myn wenplak…”.
Boekgegevens
It neidiel fan ’e twivel | Auteur: I.E. Bloem | Utfiering: papieren omkaft | ISBN: 978 949 315 9716 | Ferkeappriis: € 16,95 | www.afuk.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje