It eanget Fryske sikehuzen om ’e winter

oktober 28, 2021 13:25
MCL (foto: Wikipedia/Luitenb – CC BY-SA 3.0)

De ôfdielings foar yntinsive soarch yn Fryslân, Grinslân en Drinte krije it fan ‘t winter dreech. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland, dêr’t de ôfdielings yn oerlizze en gearwurkje. De organisaasje hellet it RIVM oan, dat hawwe wol dat it tal koroanapasjinten hurd oanboazje sil, krekt lykas it tal gryplijers. Boppedat wurde koroanapasjinten út oare provinsjes nei it Noarden ta brocht en in protte sikebruorren en -susters binne sels siik of hawwe dien nommen, sadat der fluch te min hannen binne om pasjinten te ferplegen.

De koroanamaatregels hawwe der ferline jier foar soarge dat de gryp amper wreidzje koe. Dat makket dat minsken der no fetberder foar binne en dat der nei alle gedachten ek mear minsken troch de gryp yn it sikehûs bedarje sille.

oktober 28, 2021 13:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.