Into The Great Wide Open stipet sân artysten mei De Basisbeurs

oktober 18, 2021 08:55

Keunst- en muzykfestival Into The Great Wide Open hat de nammen fan de keunstners bekend makke dy’t De Basisbeurs krije sille: Pink Oculus, Nana Adjoa, Willem Smit (Personal Trainer), Yung Nnelg, Rianne fan Duin (Kolderkrant), Anne Soldaat en Jasper Boogaard (Nagasaki Swim) krije allegearre 5400 euro, frij te besteegjen oan harren artistike ûntjouwing. De Basisbeurs is in stipe foar Nederlânske artysten.

Foto: Into The Great Wide Open

Der klinkt wer muzyk yn de popsealen fan Nederlân. Dat de poadia no iepen binne en artysten it toaniel op meie (en dus in wichtige boarne fan ynkomsten hawwe), jout hoop, mar dêr giene swiere tiden oan foarôf. Mei De Basisbeurs sil keunst- en muzykfestival Into The Great Wide Open sân artysten foar in healjier stypje mei in fêst bedrach ferspraat oer seis moanne.

“Mei De Basisbeurs wolle wy jild op it juste plak terjochte komme litte: by de artysten. Der stiet gjin ferplichting foaroer, it is gjin subsydzje en wy hoege gjin sint werom te sjen. Wy hoopje inkeld dat artysten har mei de stipe sterke fiele yn harren rol as makkers. Wy wolle har nei in lange perioade fan ellinde in bytsje romte jaan om te sykheljen en te dwaan wat se sa goed kinne: moaie dingen meitsje”, seit in wurdfierder fan it festival op Flylân.

Fia intothegreatwideopen.nl binne de artysten dy’t De Basisbeurs krije it kommende jier te folgjen. De sân artysten waarden selektearre troch de ploech fan Into The Great Wide Open, besteande út programmeurs, produsinten, marketeers en de deistige lieding fan it festival. De organisaasje is publyk en kaartferkeapers dy’t foar it inisjatyf donearre hawwe tankber.

oktober 18, 2021 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.