‘Huzum op film’, premjêre histoaryske filmbylden fan doarp en wiken Huzum

oktober 27, 2021 07:48

Kommende sneintemiddei 31 oktober presintearret it Frysk Film- & Audio-argyf Huizum op film, in kompilaasje fan histoaryske film- en fideobylden út it filmargyf. De premjêre wurdt holden yn yt- en wykkafee De Basuin. De besletten premjêre is foar minsken dy’t in útnûging krigen ha. Huizum op film is ek te sjen op it Noardlik Filmfestival op sneon 13 novimber om 12.30 oere. Dêrnei trochrinnend yn ytkafee De Basuin en op it YouTube-kanaal fan it Frysk Film- en Audio-argyf.

Boarne: Frysk Film- en Audio-argyf

Nei Leeuwarden op film (2018) kaam by in stikmannich Huzumers en Ljouwerter it idee op om wat ferlykbers te meitsjen foar Huzum Doarp en de Ljouwerter wiken Huzum-East en -West. Fan Huzum is folle minder histoarysk filmmateriaal beskikber as fan de stêd Ljouwert, mar it Frysk Film- en Audio-argyf dûkte yn syn skatkeamers en kaam ta de konklúzje dat der in moaie seleksje fan oansprekkende bylden mooglik wie.

De bylden binne troch ferskate filmmakkers sketten. De âldste fragminten datearje fan ein tritiger jierren. Op wat hjoed-de-dei it MCL-terrein is, is in protte sport en spul oan de Borniastrjitte te sjen. Bysûnder binne ek de filmbylden dy’t begjin fyftiger jierren yn boarterstún Gerard Dou yn de wyk Huzum-West makke binne. En fansels leine ferskate filmmakkers de Huzumer wettertoer út ferskillende hoeken wei fêst. Lykas de (Ferlinge) Skrâns, de Huzumerleane, it Potmargegebiet (mei de Sint-Johannes de Dopertsjerke), de túnkerijen en it earder feilingterrein), Huzum-Doarp en de Hollannerwyk. It Huzumer skûtsje Doarp Huzum komt ek foarby.

Boarne: Frysk Film- en Audio-argyf

Jurjen Enzing die de montaazje fan Huizum op Film en Sjoerd IJbema skreau mei help fan in stikmannich Huzumers in Nederlânsktalige voice-over by de filmkompilaasje. Alexander Burger spruts de voice-over yn en âld-wykbewenner en muzikant Sjoukje Visser komponearre muzyk by de bylden. Huizum op Film duorret 35 minuten. De produksje is finansjeel mei mooglik makke troch Wykpanel Huzum-West.

De film op it Noardlik Filmfestival:
– woansdei 10 novimber, 20.00 oere – online
– sneon 13 novimber, 12.30 oere – Slieker Film – Griene Seal
Foar kaarten: noordelijkfilmfestival.nl

Dêrnei:
Trochrinnend yn Ytkafee De Basuin
YouTube: www.youtube.com/friesfilmarchief

oktober 27, 2021 07:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.