Húskeamerfilmfestival, ek yn Koarnjum, 16 oktober

oktober 12, 2021 08:54

Op 15 en 16 oktober 2021 wurdt yn Ljouwert en omkriten it Húskeamerfilmfestival holden. Dat is in minyfestival op lytse lokaasjes. It biedt ferskate programma’s, dêr’t fiif oant acht films yn fertoand wurde: fan eksperimintele dokumintêres oant bistefilms en fan LHBTQ+ oant erotyk. Der is ek in berneprogramma.

Húskeamerteater De Wier yn Koarnjum docht ek mei oan it bysûndere festival en hat spesjaal keazen foar seis koarte films yn ’e kategory ‘muzyk en dûns’ op sneontejûn 16 oktober. Teater De Wier wurdt foar de gelegenheid in minybioskoop.

Ofbylding: Bob de Boer Produkties

Der is ûnder oare in Eastenrykske film oer in ekstreme muzykfanaat dy’t alles op alles set om in kwytrekke pak fan in Weenske band út de sechtiger jierren werom te krijen. Der is ek in healwize animaasjefilm yn ’e foarm fan in musical, mei sjongende bisten dy’t yn saaie minskebedriuwen wurkje. En in tsjustere film oer in somby-eftige popstjer dy’t himsels besiket op te waarmjen foar syn sjo. En der binne mear, yn totaal seis koarte films op ien gesellige bioskoopjûn.

Sjoch foar mear ynformaasje en foar it boeken fan kaarten (€ 6,50 de persoan) op hethuiskamerfilmfestival.nl/muziek-dans en op hethuiskamerfilmfestival.nl. Fia it húskeamerteater sels kinne gjin kaarten boekt wurde, dat giet allegear fia it Húskeamerfestival.

Muzyk en dûns – animaasje en fiksje, it Húskeamerfestival 2021
Lokaasje: Húskeamerteater, De Wier 5, 9056 PM yn Koarnjum
It begjint om 20.00 oere en om 19.30 oere stiet de (fergeze) kofje klear.

Mear witte? Mail dan nei bobdeboer@pinupsanddowns.com of skilje 06 – 54763154.

oktober 12, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.