Hjerstfakânsje yn it Natuermuseum Fryslân

oktober 9, 2021 08:38

Yn ’e hjerstfakânsje kinne bern yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert nei fergif speure, sawol yn ’e eksposysje GIF, each yn each mei libbene fergiftige bisten, as yn de eigen eftertún. De fakânsje wurdt ynlaat mei de Bernenacht (Coole Kidsnacht). De spannende fergifekspo is dêrby yn ’e jûnsoeren te sjen.

Ofbylding: Natuermuseum Fryslân

Each yn each
Yn ’e fergifeksposysje steane besikers each yn each mei de fergiftichste bisten op ’e wrâld, lykas slangen, kikkerts, spinnen en in skorpioen. Dy sitte feilich yn dûbelwandige terraria, mar noch nea wiene besikers sa ticht by in gefaarlik fergiftich bist. Fergif kin deadlik wêze, mar hat ek hiele nuttige kanten: yn lytse bytsjes wurdt it brûkt yn medisinen foar bygelyks kanker en sûkersykte.

Sssssspeure nei fergif
By it FERGIFpunt ûntdekke bern fan alles oer fergif yn Nederlân. Fergiftige bisten komme nammentlik net allinnich yn tropyske oarden foar, mar ek by minsken yn ’e buert. De njirre is dêr in goed foarbyld fan, mar wat in stikelbaarch en in mol mei fergif te krijen hawwe, is folle minder bekend.

Dêrnjonken kinne bern in speurtocht dwaan. Oan ’e hân fan fragen en opdrachten komme se nijsgjirrige dingen te witten oer de reuzewants, de fûgelspin en de wipnoasslang. Hja geane nei it lab dêr’t benammen jonge bisten binne en wurde útdage om de poppeslangen en poppespinnen te ûntdekken. As ôfsluting kinne se ûndersykje op hokker fergiftich bist se sels lykje.

Foto: Marcel van Kammen

Bernenacht
Op freed 15 oktober 2021 wurdt de Coole Kidsnacht holden. By de Bernenacht bliuwe musea yn Fryslân nei slutingstiid spesjaal foar bern yn ’e jûnsoeren iepen. Alden, paken, beppen en begelieders meie mei. Der wurde ferskate learsume, spannende en nijsgjirrige aktiviteiten organisearre.

It Natuermuseum is ek fan ’e partij en nûget elkenien út om it museum en de FERGIF-ekspo ris yn ’e jûnsoeren te besjen. Der is foar alle bern in speurtocht, by it GIFpunt kinne se in slangehûd fiele en fergiftosken fan hiel tichtby besjen. De UnderWetterSafary bliuwt ek ekstra iepen.

Foto: Marcel van Kammen

Praktysk
De hjerstfakânsje duorret fan 16 o/m 31 oktober 2021. Yn dy perioade is it museum alle dagen fan 10.00 oant 17.00 oere iepen, dus ek de moandeis. De Bernenacht is op freed 15 oktober fan 17.00 oant 21.00 oere. De wenstige yntreeprizen jilde. Mear ynformaasje is te finen op de webside www.natuurmuseum.nl.

Op ’e webside is ek ynformaasje oer de lêste koroanamaatregels te finen. Op it stuit jildt: reservearje is net ferplichte, mar yn wykeinen en fakânsjes wol oan te rieden. Minsken kinne fia de webside kaarten mei tiidslot keapje om wis fan tagong te wêzen. Musea wurde ta trochstreamlokaasjes rekkene en dêr jildt foar dat in koroanatagongsbewiis net nedich is.

oktober 9, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.