Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Memmetaal
Resint ferskynd

Yn it westen fan Dútslân komt it mear as sporadysk foar dat minsken ek Nederlânsk prate. Se fine it gauris moai om dat wer ris te oefenjen, dat ik brûk as ik yn Dútslân bin ek gauris de Nederlânske taal. Ien fan de minsken mei wa’t ik gearwurkje, praat geregeld Nederlânsk mei my en dat docht se knap en mei in soad wille. Ferline wike krige ik lykwols in mail fan har yn it Dútsk en dy sette my oan it tinken.
Se skreau dat se siik wie en dat it har efkes net slagge om Nederlânsk te skriuwen. Se hie pineholle en it Dútsk wie no it iennichste dat har noch wat handich ôfgong. Alle begryp, fansels, minsken hoege har der net foar te ûntskuldigjen dat se yn har eigen taalgebiet har eigen taal brûke, alheel net as se pineholle ha, soe ik tinke.
Mar dat is de praktyk fansels net. De Dútsktalige yn Dútslân kin dat sizze, de Nederlânsktalige yn Nederlân ek, mar de Frysktalige? De Sorbysktalige? Dy ha dy lúkse net, alteast lang net altyd – en se kinne har kar foar har memmetaal ek net samar meidiele, se moatte der al hast om freegje oft se har eigen taal ek brûke kinne.
Dat is ien fan de grutte ferskillen tusken in mearderheidstaal en in minderheidstaal. En dy’t foar it Frysk opkomt, soe eins net tefreden wêze moatte foardat ien yn Fryslân sûnder dat in oar dat nuver fynt, in mail skriuwe kin mei de melding: ik fiel my hjoed wat heal, ik doch it no efkes yn it Frysk, hear.
Moaie kollum! It is wichtich dat mear minsken dit begripe.