Henk Wolf: Flechtlingebern? Flechtlingsbern?

oktober 20, 2021 14:32

Kollum

Op de site fan Omrop Fryslân stiet op it stuit in artikeltsje mei de titel ‘Alde Snitser skoalle giet opnij iepen foar flechtlingebern’. Dy kop, dêr seach ik al wat nuver tsjin oan. Dat wie net om de ynhâld en ek net om it yn ‘e skriuwtaal wat ûngebrûklike ‘opnij’ (dat ek gewoan yn de Standertwurdlist fan de Fryske Akademy stiet, dat dêr woe ik it net oer ha). Nee, it wie it wurd ‘flechtlingebern’ dat my raar talike.

Dat wurd sil grif in oersetting wêze fan de gearstalling ‘vluchtelingenkind’ – mei links ‘flechtling’, rjochts ‘bern’ en dêrtuskenyn in tuskenklank -e-. Logysk, soe men sizze, want it Frysk brûkt mar heel selden -en- as tuskenklank.

Doch soe ik yn it Frysk noait it wurd ‘flechtlingebern’ meitsje. Op gefoel soe ik der fuort ‘flechtlingsbern’ fan meitsje. Wêrom oft dat sa is, hie ik oant foar koarten net sa maklik sizze kinnen. Der is my samar gjin regel út in boekje bekend dy’t seit dat jo by in oaninoar fêst plakken fan ‘flechtling’ en ‘bern’ de iene tuskenklank of de oare brûke moatte.

Ik ha mar ris sjoen oft ik yn it grutste Fryske wurdboek, it Wurdboek fan de Fryske Taal, stipe fine koe foar myn taalgefoel. Dat blykte sa te wêzen, dêr kaam ik bygelyks de neikommende wurden tsjin: ballingslibben, ballingsoarde, fûnlingshûs, haadlingspleats, hokkelingsbolle, hokkelingsjierren, hokkelingsrier, hokkelingsstâl, hokkelingsweide, ienlingsbern, ienlingsdochter, ienlingsminske, ienlingskeunst, ienlingssoan, jongelingsfeest, jongelingsferiening, leavelingsbern, leeavelingsdicht en twillingsbroer.

Dat binne allegear gearstallingen mei as linkerlid in wurd dat einiget op it achterheaksel -ling en dat ferwiist nei in mins of in bist. Satliket brûke Friezen yn sokke wurden faak de -s- as tuskenklank. Yn it Dútsk is dat ek sa, dêr wurdt ek Flüchtlingskinder sein en skreaun.

Sa net, de -e- komt yn it neamde type gearstalling ek wol as tuskenklank foar. It Wurdboek fan de Fryske Taal neamt: âlderlingebank, âlderlingestekje, âld-learlingeferiening, learlingetal en wezelingegong. Dat binne al in stik minder wurden en se binne boppedat allegear aardich nij. Oars as by de wurden mei -s- út it foarige rychje komme se allegear pas sûnt de jierren 1940 yn it Frysk foar. It liket dan ek in wat nijer wurdfoarmingstype te wêzen.

Wat in goede ferfrysking van ‘vluchtelingenkinderen’ is, dat lykje de Friezen noch net sa rjocht te witten. ‘Flechtlingebern’ komt op it Internet fjouwer kear foar: twa kear by Omrop Fryslân, ien kear op solidairfriesland.nl en ien kear by It Nijs. ‘Flechtlingsbern’ komt ien kear foar, by It Nijs. Dat binne te lytse oantallen dat men der wier wat oer it hjoeddeiske taalgefoel út ôfliede kin.

Ik ha ek noch efkes sjoen wat de bruorren Halbertsma yn har Rimen en teltsjes dienen en dat ferwûndere my wat: yn dat hele tsjokke boek is net ien gearstalling fan it neamde type te finen, wylst wurden op -ling dy’t nei minsken of bisten ferwize der genôch yn foarkomme: frjemd(e)ling, hokling, trutling, skoveling, neikommeling en ek fluchteling – om mar in pear te neamen. Dat kin der dan wer op wize dat gearstallingen lykas flechtling+tuskenklank+bern foar 1871 eins helendal net sa gewoan wienen as dat se no binne.

Fierder is it nijsgjirrich om te sjen dat it wurd flecht(e)ling yn it Frysk frij nij is. It liket in optocht alternatyf te wêzen dat it âldere Nederlânske lienwurd flucht(e)ling ferfange moast. Dat lienwurd komt yn de 19e iuw al foar, wylst flecht(e)ling pas yn de jierren 1920 opdûkt.

oktober 20, 2021 14:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.