Guus Hiddink iepenet grutte Koreäútstalling yn Prinsessehof

oktober 14, 2021 08:47 Fernijd

Earder fuotbaltrener Guus Hiddink iepenet op freed 15 oktober de nije útstalling KOREÄ. Poarte nei in ryk ferline. Hiddink is in nasjonale held yn Súd-Koreä. Yn 2002 late er as bûnscoach it Súd-Koreaanske fuotbalteam nei de heale finale fan it wrâldkampioenskip.

Foto: Anne Claire de Breij; eftergrûn: ©National Palace Museum of Korea

Oant hjoeddedei hat Hiddink in sterke bân mei Súd-Koreä. Nei de Koreaanske triomftocht yn it WK waard Hiddink eareboarger, ûntfong er in earedoktoraat fan de universiteit fan Seoul en waard in fuotbalstadion nei him neamd.

Foto: ©National Palace Museum of Korea

Squid Game en BTS
Mei de grutte niget foar Squid Game, de Oscarwinnende film Parasite en de populariteit fan K-pop lykas BTS en syn nijste klip mei Coldplay stiet de Súd-Koreaanske popkultuer folop yn ’e belangstelling. It Prinsessehof dûkt mei syn nije útstalling yn ’e kultuerskiednis fan dat bysûndere lân, oan ’e hân fan tema’s as ytkultuer, skjintme-idealen en rituelen. De populêre kultuer wurdt ek beljochte. De útstalling nimt jin net allinnich mei op reis nei it ferline, mar ferbynt de tradysjes mei it hjir en no. Enoarme onggipotten, dêr’t lang kimchi en oar fermintearre iten yn klearmakke waard, binne te sjen mei fideofragminten fan de raazje meokbang; floggers dy’t ite wylst minsken online meisjogge. Soks is foaral ûnder jongelju yn Súd-Korea tige populêr, sa hoecht net ien allinnich te iten.

K-popleafhawwers kinne by de útstalling ek genietsje: yn ’e útstalling is in fideoklip fan Agust D te sjen, ek wol bekend as Suga fan K-popsensaasje BTS. Mei in rapnûmer bringt er in oade oan de Koreaanske kultuer.

KOREÄ. Poarte nei in ryk ferline is fan 16 oktober 2021 o/m 22 augustus 2022 te sjen yn it Prinsessehof yn Ljouwert.

www.princessehof.nl/korea

oktober 14, 2021 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.