Grutte helden, binne ek mar minsken

oktober 24, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

“Pake soe fertelle oer Simson!”
Ja, pake stoarre foar him út. Hy tocht deroan hoe’t Simson de ferkearde wei opgie. Hoe’t hillich fjoer ûnhillich waard. Hy wist it ek fan himsels. Grutte minsken kinne ek leech falle. Simson wie sterk, mar ‘syn iennige swakte wiene froulju’ (Elie Wiesel, 1928-2016).

“Toe pake, fertel.”
“Op in kear,” sei pake, “gie Simson nei in hoer yn it lân fan ’e fijân. Ha, ha, lake de fijân, no ha wy dy Simson. Se diene de poarten fan ’e stêd op ’t slot. Doe’t Simson by de frou weikaam, fûn er de poarte beskoattele. Mar hy pakte de swiere doar beet, wrikte dy los en naam him op ’e rêch. Bûten it doarp sette er de doar op in heuvel del. Sa stuts er de fijân de gek oan.
Folle letter waard Simson smoar op Delila, ek in frou út it lân fan ’e fijân. Oan har fertelde er syn geheim. Hy sei: ‘Myn krêft is fuort as myn hier knipt wurdt.’ Doe’t er dy nachts sliepte, knipte de frou Simson it hier derôf.”
Miskien hat dy pake doe wol sein:

O Simson hie dyn foet de sljochte wegen gien,
o hiest de ried fan âld en wizer dien.
Do, Nazireeër Gods fan memme skerte!
O frjemde frou, o bitterst ding fan al,
do brochtst ús held, ús bêste soan te’n fal –
om Simson, Simson skriemt ús each en herte.
cccccccccccccc(Fedde Schurer, Simson, 1942)

Der ha pedagogen west dy’t it ferhaal fan Simson net geskikt achten foar bern. Dêr bin ik it net mei iens. Rabin, in fermoarde presidint fan Israel, sei it sa: “Ik ha fochten salang’t der gjin kâns op frede wie. Mar ik leau dat dy kâns der no is, in grutte kâns dy’t wy no gripe moatte.”

Yn tiden fan slimme ûnderdrukking moat ferset bean wurde. It ûndergrûnsk ferset yn Fryslân (1940-1945) is dêr in moai foarbyld fan en dat de passifist Fedde Schurer dat ferset stipe mei syn toanielstik ‘Simson’ seit alles.

Lêze: Rjochters 16:1-5 en 16-22

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
oktober 24, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.