Gong meitsje yn wenningbou fia flekspoolregeling

oktober 13, 2021 11:06

Om wenningbou flugger mooglik te meitsjen, stelt provinsje Fryslân de flekspool-regeling yn mei ekstra jild. Gemeenten kinne dêrtroch ekstra kapasiteit en kennis oanlûke om de wenningbouplannen flugger ferwurkje te kinnen. Fan 25 oktober 2021 ôf kinne Fryske gemeenten in oanfraach by de provinsje yntsjinje foar ekstra saakkundigens op it wendossier.

Om yn de kommende jierren alle needsaaklike bou- en bestimmingsplannen te behanneljen hawwe gemeenten hieltyd faker ekstra kapasiteit en mear saakkundigens nedich. De ekstra kapasiteit fia de flekspoolregeling moat gemeenten mear romte jaan om kânsrike plannen te behanneljen. Dat moat útrinne op mear faasje yn de wenningbou. Ryk en provinsje stelle dêr mei-inoar hast € 600.000 beskikber foar.

Deputearre Klaas Fokkinga: “Op it stuit binne der in hiel soad plannen. Wy wolle as provinsje de gemeenten graach stypje om faasje te meitsjen mei kânsrike wenningbouplannen. Op dy manier kinne de wenten ek gauwer realisearre wurde.”

Gemeenten kinne ien kear in oanfraach dwaan foar in maksimale bydrage fan € 25.000. Yn 2022 en 2023 wurde ek wer middels beskikber steld.

oktober 13, 2021 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.