Gearwurking Húskeamerteater De Wier en Art Connection Ljouwert

oktober 19, 2021 08:48 Fernijd

De inisjatyfnimmer fan it húskeamerteater yn De Wier yn Koarnjum (Concerts and More @ De Wier) is in gearwurkingsferbân oangien mei Art Connection Kultuerprojekten yn Ljouwert.

Foto: Bob de Boer Produkties

Dy organisaasje fan Ed van Dijk fersoarget al goed 35 jier eksposysjes op ferskate lokaasjes, mar ek moanlikse konserten. Fierder produsearret Van Dijk, tegearre mei syn frou Wilma, bysûndere kultuerprojekten (mei û.o. Keunstwurk) en keunstmerken. De lêste edysje fan Art Ljouwert yn july dit jier by it Frysk Museum is dêr in foarbyld dêr. De konserten wurde ûnder de neamer Kânselerijkonserten holden yn de monumintale Kânselerij oan de Twabaksmerk yn Ljouwert. Der binne yn it nije seizoen ek konserten pland yn de moderne lobby fan it WTC Hotel yn Ljouwert.

Benammen op it mêd fan de muzykkonserten is it in útdaagjend gearwurkingsferbân. In moai earste foarbyld dêrfan is de start fan it seizoen fan Art Connection op sneintemiddei 31 oktober 2021. Dan sil fokaal ensemble Sânman en Sikke om 15.00 oere in optreden jaan yn de Kânselerij.

In oar foarbyld is it optreden fan sjonger Marcel Kapteijn (Ten Sharp & Marcel Kapteijn and the Raindogs) en pianist Boelo Klat (Klatwerk3) op sneintemiddei 27 maart 2022 om 15.00 oere yn it WTC Hotel.

Mear witte? Sjoch dan op www.artconnectionexpo.nl foar it folsleine programma.

oktober 19, 2021 08:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.