Fyftjin miljoen beskikber foar subsydzjeregeling nije natuer

oktober 14, 2021 16:25

De Subsydzjeregeling Kwaliteitsimpuls Natuer en Lânskip (SKNL) giet foar in twadde kear dit jier iepen. Dêr wol de provinsje Fryslân ekstra mei ynsette op de realisaasje fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN). Foar de omfoarming fan lânbougrûnen nei natuer stelt de provinsje fyftjin miljoen euro beskikber.

Yn Fryslân moat yn totaal noch sa’n 1600 bunder lânbougrûn natuer wurde. Mei de subsyszjeregeling dy’t no iepensteld wurdt hopet de provinsje sa ‘n 400 bunder te realisearjen.

Alle eigeners mei grûn yn it NNN komme dêrfoar yn ’e benaming. Se kinne der fan 1 novimber oant 22 novimber 2021 in oanfraach foar yntsjinje. De folchoarder fan ynkommen fan de oanfragen bepaalt de folchoarder fan behanneling.
Op www.fryslan.frl/sknl is mear ynformaasje oer de regeling te finen.

oktober 14, 2021 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.