Fyftich jier nei Rottumerplaat

oktober 28, 2021 19:30

Foto © Rykswettersteat

Fyftich jier lyn hawwe Godfried Bomans en Jan Wolkers beide in wike op de ûnbewenne Rottumerplaat trochbrocht. Yn en om it Waad is der yn in heale iuw in soad feroare.

Pier Bergsma

It jubileum wie foar Steatsboskbehear en Rykswettersteat reden om op dy perioade tebek te sjen, ûnder mear mei in útstalling yn Museumcafé Het Spijslokaal fan Iepenloftmuseum Het Hoogeland yn Warffum. Dy duorret oant en mei 1 novimber.

Foar my leit Dagboek van Rottumerplaat fan Godfried Bomans (1913-1971). Hy hat mear as sechtich boeken skreaun, mar net ien priis krige. Neffens my hat er foar syn literêre wurk nea de wurdearring krige dy’t er fertsjinne. Dy wurdearring krige er wol foar syn radio- en televyzje-optredens. Bomans wie in grut kenner fan it wurk fan Dickens en sette foar de Prismapockets syn romans oer. Sa haw ik hjir stean De nagelaten papieren der Pickwick Club, 792 siden! Aardich is ek Dickens waar zijn uw spoken mei nijsgjirrige skôgingen oer it wurk fan dy grutte Ingelske skriuwer.

It byld dat minsken yn de sechtiger jierren fan de foarige iuw fan Bomans krigen, wie dat fan in fleurige man dy’t graach de lakers op ’e hân krige. Dat byld komt net nei foaren út syn Dagboek van Rottumerplaat. Hy begjint syn deiboek op saterdei 10 july 1971. Op saterdei 17 july koe er wer nei de wâl. Hy hat him in wike lang ûngelokkich field, slepte soms hast net fanwegen it kriten fan de seefûgels, hie gjin sin oan iten en fielde him min. Syn hiele ferslach strielet mismoedigens út.

Godfried Bomans waard like âld as Charles Dickens, mar 58 jier.  

Freek de Jonge en Bram Vermeulen kamen yn 1972 mei it programma Plankenkoorts, mei dêryn in liet oer it Waad. Ien fan de grappen wie dat de helte fan de skriuwers net libben weromkaam. Bomans stoor nammentlik yn desimber 1971 oan in hertoanfal. Miskien wie syn swakke sûnens op Rottumerplaat in foarteken. Hy waard like âld as de troch him bewûndere Charles Dickens, 58 jier.

Dan Jan Wolkers (1925-2007). Op de foarside fan syn Groeten van Rottumerplaat stiet er pontifikaal neaken en bleat op ’e foto. Syn ferslach is totaal net te ferlykjen mei dat fan Bomans. Wie dat fan Bomans mar sa’n tritich siden, Wolkers skriuwt trije kear safolle, besiket in ferwûne strânljip der wer boppe-op te krijen en skriuwt dat er pisje kin wêr’t er mar wol. Hy giet derop út om te fiskjen en fernuveret him oer de kobben en oare seefûgels. Dat binne ommers syn buorlju. Hy soe hjir wol langer bliuwe wolle om stúdzje te meitsjen fan harren lûden.

Yn syn boek in tal foto’s dy’t er sels makke fan fûgels, blommen, it strân en in deade seehûn. Syn ferslach, dat skreaun waard tusken saterdei 17 july en saterdei 24 july, brûst fan enerzjy. It lêste stikje giet oer de strânljip dy’t er út de doaze hellet en loslit (yn oersetting): “Ik koe my hast net fan him losmeitsje. Doe’t ik einlings fuortgie, hold er op mei my oan te stoareagjen. En dat is it lêste dat ik fan him seach.”

Magazine DE NIJE is mids desimber wer te keap. Dat winternûmer hat as tema ‘eilannen’. Dêryn ek dizze kollum, in soad moaie foto’s fan it Waad en folle mear. Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije it fergees tastjoerd.

oktober 28, 2021 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.