‘Fûnemintboek’ Menno Simons (5)

oktober 31, 2021 07:15 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (4) | It Nijs

Ut Haadstik 4. De doop

ynlaat troch Eric Hoekstra

No komme wy dan by in haadstik dat by Menno langer is as by Luther en Kalvyn: de doop. Dat is gjin tafal, want de doopsgesinden ûntliene harren identiteit as denominaasje foaral oan dat learstik, nammentlik dat de doop ornearre is foar lju dy’t bewust foar Kristus keazen hawwe. Dat sille yn de praktyk meast folwoeksenen wêze. Luther en Kalvyn giene lykwols mei de roomsk-katolike tsjerke mei en hongen it learstik fan de bernedoop oan. It foarnaamste argumint foar de bernedoop is in selsoptochte analogyredenearring: de doop is foar Kristus yn it Nije Testamint wat de besnijenis foar Jaweh is yn it Alde Testamint. Tsjintwurdich geane de measte evangelyske kristenen út fan de doop foar lju dy’t bewust foar Kristus kieze (bygelyks nei’t God harren oanrekke hat of oars in bekearingsproses yn har bewurkmastere hat).

It blykt no dat Menno syn jeften, as fromme leauwige, benammen lizze op it mêd fan de boeteprekerij en de polemyk. As in boetepreker bidt en smeket er ta de oerheid om op te hâlden mei de ferfolging fan de menisten (earste stik fan haadstik 4) en om harren in kâns te jaan om yn in iepenbiere diskusje sjen te litten dat harren learstikken alhiel skriftuerlik binne. En as in polemikus besprekt en ferdylget er alle arguminten dy’t foar de bernedoop jûn binne (lêste stik fan haadstik 4). Foar de lêzer fan no binne dy polemyske parten langtriedderich.

It smeekjen oan de oerheid makket wol yndruk, trochdat Menno dêr letterlik de boalen fan syn bruorren en susters tasprekt. Wat opfalt is de fromme toan fan Menno: der is gjin bewyske fan frijsinnigens by him te finen, en dat wylst de menisten fan 1800 ôf al foar it meastepart frijsinnich binne, yn oerienstimming mei it beneamingsbelied yn de 19e iuw, doe’t de oerheid bewust safolle mooglik frijsinnige dûmnys besocht beneame te litten. Dat is ien fan de oarsaken fan de lettere ôfskieding fan de grifformearden. In tal rjochtsinnige doopsgesinden is doe mei de grifformearden meigien.

Hjirûnder folget in tal fragminten út haadstik 4 fan it Fûnemintboek:

Wy earme jammerdearlike dopersken, wy binne alle minsklike help en treast brek. Wy binne ûnskuldige skiep wurden foar alle gûlende wolven yn it wâld. En foar de bisten op it lân binne wy spiis en rôversguod wurden. De hiele wrâld fergappet him oan ús en sjocht ús as rosmos. Wy moatte dat alle dagen drage, belije of beharkje: it ûnrjochtfeardige tirannike swurd fan de oerheid, it ûnbibelske rabjen en lasterjen troch heechoplaat folk en de skimp en spot fan healwiis en ûnferstannich folk. Wy freegje dimmen oan de keninklike majesteit, de machthawwers, de gesachdragers en oerheden, elk op syn plak dy’t as beminde genedige hearen oer ús steld binne, seinige troch de djippe, bloedige wûnen fan Jezus Kristus, wy freegje dimmen dat jim dochs ris de argewaasje, it oankleien, it erchtinken foar ús oer weidwaan wolle.

En as jim dat net wolle, omdat jim net witte wolle dat jim ûnskuldich bloed floeie litten hawwe, lit dan jim minsklikheid sprekke en haw begrutsjen mei jim leafhawwende tsjinstfeinten en betink dat wy earme lju binne, ellindich neffens it fleis rekkene, mar hearlik yn ’e geast. Wy binne krekt as jim berne út in heit en in mem, wy azemje deselde lucht yn, wy binne skepen troch deselde God, mei inselde natuer bejeftige. Wy langje ek nei gemak, rêst en frede, nei in frou en bern, lykas jim. Wy binne ek benaud foar it lijen en de dea, krekt as alle oare libbene kreatueren hjir op ierde. Undersykje dêrom ús lear en jim sille sjen dat dy goed is, dat it de sûne lear fan Jezus Kristus is:

Hoe bekrinke wy de keizer of likefolle hokker oerheid? Bekrinke wy harren yn datjinge dêr’t hja ta roppen binne? Nee, wy binne ree en wês hearrich oan de boppe ús stelde oerheid yn syn taak (mar fierder net) oant yn de dea. Wy witte wol hokke geboaden oft de Skrift wat dat oanbelanget foarskriuwt, en wy hâlde ús as wiere bern fan God dêr ek oan. Wy wolle net mear as in died fan barmhertichheid, nammentlik:

dat wy yn it iepenbier sprekke en diskusjearje meie
mei alle predikanten en lju fan kwizekwânsje, mei likefolle wa,

want as hja Gods wierheid yn pacht hawwe, en wy net, dan wolle wy graach troch harren beleard wurde. Mar as wy it by de rjochte ein hawwe en hja net, wêrom wolle jim ús dan by Kristus wei avesearje nei de antykrist ta, fan de wierheid nei de leagen, fan it libben nei in wisse dea ta?

O trochloftige eale wize machthawwers en oerheden, dy’t as rjochters en bestjoerders boppe it folk set binne, ik sis jim: jawis, jawis, jim ferkeard oardiel sil sûnder mis troch God yn ivichheid op jim ûnstjerlike sielen wreekt wurde. Och, it kristenbloed is sa’n eal ding, it sil troch de Heare sekuer út jim hannen tebek easke wurde.

6. Is werberte in momint of in proses?

As seisde sizze hja dat de bern yn de doop werberne wurde, Kristus Jezus oanlûke en part krije oan de Hillige Geast. Leave bruorren, de werberte, it oanlûken fan Kristus en it hawwen fan de Hillige Geast binne op harsels net ûngelyk oaninoar. Hat men de ien, dan hat men de oar ek. Mar dat komt de bern út noch yn net ta, want de werberte is, sa’t wy niis al seine, fan ûnleauwich nei leauwich, fan kwea nei goed, fan fleis nei geast, en sa fierder.

Kristus oanlûke is Kristus ta utering bringe yn ús hiele libben en neffens de Skrift, om deselde mentaliteit as Him te hawwen, lykfoarmich oan Him te wêzen, Him ta te behearren en Him nei te folgjen,

en sa fierder. De Hillige Geast krije is troch Him yn alle wierheid ûnderwiisd, befêstige en laat te wurden, de fruchten te bernjen en te dragen fan de Geast dy’t yn ús húsmannet. Dy wurde lykwols yn lytse bern net fûn, want hja binne it middel brek dat soks mooglik makket, nammentlik Gods Wurd. My sil faaks sein wurde dat God wiswier by steat is en bewurkmasterje dat yn bern. Dan sizze wy: Gods macht kin net oer redendield wurde.

Wy beheine ús ta wat de Skrift ús opdraacht.

Dêr lêze wy dat de werberte bart troch Gods Wurd (Romeinen 10:17, 1 Korintiërs 4:15, Jakobus 1:18, 1 Petrus 1:23). Wa’t gjin begrypsfermogen hat, wurdt ek net werberne, en dat docht bliken út de Skrift en út ús ûnderfining mei bern. Want al binne se doopt, se hawwe nettsjinsteande in oanstriid ta it kwea en net ta it goede.

Salang as se Gods Wurd net beharkje, witte se ek neat fan Kristus en Syn seinige Wurd. Wêr is dan har werberte, Hillige Geast en Kristus dy’t se oanlutsen hawwe?

Om koart te kriemen, dy’t fan ligen hâldt, sil oeral bewiis foar fine. O Hear, wol ús doch behoedzje en bewarje foar de lear fan de antykrist en it soerdaai fan de fariseeërs. Amen.

Takomme snein fierder

oktober 31, 2021 07:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.