‘Fûnemintboek’ Menno Simons (4)

oktober 24, 2021 07:05 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (3) | It Nijs

Ut Haadstik 3. It leauwe

ynlaat troch Eric Hoekstra

Yllustraasje: unsplash.com@tangerinenewt

It haadstik ‘It leauwe’ is by Menno in tige koart haadstik, wylst it by Luther en Kalvyn wiidweidiger is. Menno beheint him yn dit haadstik ta in tal krêftige bibelsitaten dy’t werjouwe wêr’t it leauwen yn it goede nijs op delkomt, bygelyks: Wat brutsen is, meitsje Ik better, wat siik is, help Ik, ensafh. Luther en Kalvyn dêrfoaroer meitsje fan harren haadstik in besprek fan de kristlike leauwensbelidenis. Dêrtroch stiet harren haadstik fierder fan de Bibel ôf, befetsje dy minder skriftuerlike oanhellingen en binne dy earder teologyske útlis. De ynhâld fan wat Menno skriuwt stiet it tichste by it leauwen fan ienfâldige fromme lju, wylst Luther en Kalvyn ek al foar teologen skriuwe. Dochs is Menno net it bêst lêsber. Luther is sûnder mis de bêste stylist: helder, dúdlik, sa klear as in klontsje, ek foar de lêzer fan no. Dat makket Luther syn mear persoanlike stikken ‘Tafelpetearen’ ta hearlike literatuer. Kalvyn dêrfoaroer is totaal ûnlêsber. De lêzer moat himsels hieltyd yn ’e earm knipe om wekker te bliuwen. Menno sit dêrtusken yn: trochdat Menno sa rynsk út de Skrift sitearret is er altyd de muoite wurdich. Fierders falt by Menno op dat er de rol fan de leafde foar it leauwe beklammet, en de rol fan werberte. Dat lêste is by Luther en Kalvyn folle minder it gefal. Fierders mist ek by Luther en Kalvyn de klam op it fruchtdragen: hilliging, goede dieden en selsferbettering troch de Hillige Geast. Dat komt faaks trochdat it fruchtdragen by Luther en Kalvyn fierhinne weiwurden is yn de behanneling fan de tsien geboaden.

Hjirûnder folgje no twa fragminten út haadstik 3 fan it Fûnemintboek. Yn it earste fragmint lit Menno Jezus sels oan it wurd troch in tal útspraken fan de Heare Jezus efterinoar te setten, sadat it liket as wurdt Hy sprekkend ynfierd.

It leauwe

Wy ûnderwize mei Kristus Jezus it evangeelje: “Leau it goede nijs.” It evangeelje is oars net as it bliid boadskip fan de genede en it frijskatten fan sûnden, ynkrigen en ferkundige troch Kristus Jezus. Nim it leauwe oan troch de Hillige Geast, en sjoch net nei eigen gerjochtichheid of ûngerjochtichheid dy’t earder bedreaun is. Hoopje op dingen dêr’t net op te hoopjen is. Dat kin inkeld mar troch jim ta te betrouwen oan de belofte fan God, yn de wittenskip dat God oprjocht en Syn belofte ûnfeilber is. En dat is fan dy gefolgen dat:

      • It hert wurdt jim rjochtfeardich, from, fredich en bliid.
      • In nij godsbern wurdt berne.
      • Jim krije it ivige libben.
      • Jim krije in fêst fertrouwen en tagong ta de Heit.

Sokke bern wurde op ’e goede tiid wekker, hearre de stim fan hjoed en betreurje harren eardere libben dat se sûnder God libbe hawwe. Tsjin harren sprekt de Treaster en Ferkwikker fan alle toarstige herten “Leau it goede nijs”, dat wol sizze:

Wês net benaud en wês bliid mei de Heare.
Ik wol net straffe en slaan,
mar better meitsje en it libben jaan.
It kniesde reid brek Ik net trochmidden,
in walmjende pit dôvje ik net út.

Wat brutsen is, meitsje Ik better,
wat siik is, help Ik,
wat searplakken hat, stean Ik noed foar,
wat ferlern is, dat sykje Ik.

Ik bin net kommen en rop rjochtfeardigen,
Ik rop sûnders om boete te dwaan.
Ik bin yn dizze wrâld kommen en troch de krêft
fan de Hillige Geast fleis en bloed wurden,
in stjerlik minske dy’t sjoen
en oanrekke wurde kin,
yn alles oan jim gelyk
útsein yn it sûndigjen,

Want as it leauwe foar God goed jilde sil en gjin leech leauwe is, dan bernet it de frucht fan it libben:

      • It leauwe wurket troch de leafde.
      • It oefenet him frijwillich yn gerjochtichheid.
      • It lit fleis en bloed ferstjerre.
      • It krusiget lusten en begearten.
      • It fynt gloarje yn it krús fan Kristus Jezus.
      • It fernijt en it bernet.
      • It makket libben, hearrich en fredich yn Kristus Jezus.

Takomme snein fierder.

 

oktober 24, 2021 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.