‘Fûnemintboek’ Menno Simons (3)

oktober 17, 2021 07:10 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (2) | It Nijs

Ut Haadstik 2. It wiere boete dwaan

ynlaat troch Eric Hoekstra

De haadstikken 1 en 2 binne tige koart. Dêr falt fuort en daalks in grut ferskil yn skriuwstyl yn op tusken Luther en Kalvyn oan de iene kant en Menno Simons oan de oare kant. Posityf sein: by Menno Simons is de tichtens oan bibelsitaten folle grutter as by de oare beide tsjerkherfoarmers. Hy lit de Bibel sels oan it wurd, leit net bot út en betinkt der ek neat by. Luther en Kalvyn lizze mear út, mar se betinke der ek mear by: dat is ôfhinklik fan jins eigen perspektyf. In kalvinist sil sizze dat Kalvyn útleit, in net-kalvinist sil earder sizze dat Kalvyn der saken by betinkt. In foarbyld fan sa’n kontroverse is de bernedoop, dy’t yn it oanbelangjende haadstik oan ’e oarder komt.

Boarne foto: unsplash © Grant Whitty

Haadstik 2 giet oer it wiere boete dwaan, in ûnderwerp dat by Kalvyn en Luther net op haadstiknivo oan ’e oarder komt. Hjir rekket Menno in tema oan út de lear fan Kristus, dat yn it kristendom fierstente min omtinken kriget: it tema fan de libbensferbettering. Nei sûnde, berou en ferjouwing moat de leauwige de frucht fan it leauwe sjen litte, nammentlik in opgeande line yn it folgjen fan de nijtestamentyske geboaden. Yn myn eigen ûnderfining komt dat punt yn frijsinnige tsjerken totaal net oan ’e oarder. Yn rjochtsinnige tsjerken is it in tear punt, dat ûnderhearrich makke is oan de teoryfoarming om it leauwe hinne. It is krekt as binne de lju yn rjochtsinnige rûnten mei it heljen fan it teoryeksamen wol tefreden.

Bysûnder oan dit haadstik is dat Menno eksplisyt ferwiist nei dejingen dy’t de menisten hjitfolgje en fermoardzje litte, as er skriuwt: “Och wat docht it God sear, hoe kinne hja rêden wurde dy’t alle dagen Gods bern en de lea fan Kristus ferbanne, útrûpelje en jammerdearlik fermoardzje?” Hjir kin ek opmurken wurde dat Menno yn de Bibel in ôfwizing lêst fan de homoseksuele praksis. Dat is in tear punt yn ús tiid, dêr’t elkenien himsels útwierje kinne moat, genietsje kinne moat. Underwylst is it gjin maklike opjefte dy’t de Bibel freget troch kristlike homoseksuelen te fergjen op seksuele ûnthâlding. Mar it is ek ûnearlik dat rjochtsinnige rûnten altyd mar wer wize nei de homoseksuelen (Nashville). Dan hawwe jo maklik praten, as josels net homoseksueel binne. Mar de rjochtsinnige rûnten binne altyd fertocht stil as it giet om wat harsels sear docht: it fuortjaan fan jild en tiid oan earmen en ferdrukten. Dat mist dan yn sa’n Nashvilleferklearring, skreaun troch ryk en heechleard folk. Mar sawol foar rykdom as foar seksualiteit jildt dat de kristlike lear in lear fan frijwillige selsbeheining is ta eare fan God en ta wolwêzen fan de meiminske.

De klam op it boete dwaan, op in suver libben, kaam ta utering yn it stribjen fan Menno nei in gemeente sûnder wryt of slyt. De skiednis leart dat dat net slagge is, mar dat is altyd sa: Kristus leit de latte alderheechst. Ik freegje my wolris ôf wêrom’t de menisten sa bot faald hawwe: it wie gauris deilisskip en skuorring, en de hege idealen rekken sels yn teory (lit stean yn de praktyk) al gau op de eftergrûn. Ik tink wolris dat de klam op libbenswize iensidich wie, en dat oare aspekten fan it evangeelje misten yn hoe’t de menisten de Bibel liezen: ik fyn net folle yn de skiednis werom fan in brede klam op gebed, bibelstúdzje en evangelisaasje, en it liket ek wol as leauden se net dat de wûnders, de boppenatuerlike wrâld en de deale wier bestiene, wis net nei de kealslach fan de tsjusterens fan de ferljochting. By Menno lêst men dêr dan ek neat oer, en dat is in grut gemis.

Hjirûnder folget it begjin fan Haadstik 2, folge troch in fragmint út de ein fan itselde haadstik.

It wiere boete dwaan

Wy ûnderwize wat Kristus Jezus ûnderwiisd hat yn de niis oanhelle wurden, nammentlik: “Bekear dy fan dyn kwea libben en leau it goede nijs.” O leaf wurd fan genede, o leaf wurd fan bekearing, do wurdst lêzen, songen en roppen oer de hiele wrâld. Dochs wolle se neat fan dy witte, want elkenien dy’t it goed en rjochtsinnich opfettet troch de Hillige Geast en it fol fjoer praktisearret, dy wurdt as in misdiediger behannele. Wat helpt it ús dat wy allegear de mûle fol hawwe fan de genedetiid en fan it Keninkryk fan God dat yn ús en ta ús kommen is, as wy dêryn nutteleas en weardeleas befûn wurde fanwegen ús misleauwe, wanhearrigens, ûntucht, sûnde, ja ús dealske en ôfgryslike hâlden en dwaan.

It makket net út dat wy yn de genedetiid berne binne en dat Kristus stoarn is,
as wy ús net skikke en libje nei Syn Wurd en nei Syn Wil.

Wy sjogge ommers om ús hinne oars net as in bistich fretten en sûpen, de heechmoed fan Lusifer, ôfgoaderij, falskens, leagen en ferrifelderij, ynklauwerigens, ûnsuverens, haat en grimmitigens, sodomityske ûnreinens, deaslach, moard, kriich, partijskip, slynderichheid, blinens, wredens en ferbittering tsjin God en Syn Wurd.

Wa kin al it kwea fan dizze tiid beskriuwe?
En dy’t sokke dingen docht, sil wis net it keninkryk fan God beërvje.
Dêrom is it dat wy jim sizze mei Kristus Jezus:
it is saak dat wy alhiel en al bekeard wurde
en dat wy wurde as lytse bern.
Oars sille wy ta it keninkryk fan ’e himel net yngean.

It jout ommers gjin foech dat wy fol fjoer sprekke fan it wetter fan de doop as wy fan ús ûnreinens net skjinwosken wurde. Lyksa roait it nearne nei dat wy fol fjoer lêze, sprekke en roppe fan berou en boete dwaan, as wy al mar oan trochlibje yn it kwea, de ûngerjochtichheid en de skeining fan de geboaden fan Kristus Jezus.

Wurd wekker, leave bruorren en susters, it is mear as tiid,
wriuw jim dochs ris de dea en de sliep fan sûnden út de eagen!

Dit komt út de mûle fan de alderheechste God: it is needsaak dat jim boete dogge, oars sille jimme allegearre omkomme. Gjin boete dwaan op ’e wize fan de wrâld, dat is oars net as kweasprekkerij, in skeinen en húnjen fan God, ja dat is earder in ding dat de grime fan de Hear geande makket as gjin soen sa’t de profeten dy opfetsje. De manier fan dwaan fan de wrâld is in skouspul, in bûtenkantbarren, in skynhillich fêstjen, op pylgerreis gean, psalmsjongen, mishearen, bychtsjen en sokke dingen mear. Dat hat de Heare Jezus nea leard of rekommandearre. Dat binne learingen en geboaden fan minsken, dat dogge huorren, smjunten en moardners ek en dochs geane se gewoan troch mei wat se fan natuere al diene. Dat hat gjin wearde, hielendal net, dat is oars neat as skynhilligens en in grouwel foar de Hear. Wy hawwe it oer dat boete dwaan dêr’t Johannes de Doper by ús sa ynmoedich op oanstien hat, nammentlik dit:

Lit de frucht fan it boete dwaan sjen!

Kaïn wie ferflokt en libbe as in banneling op ’e flecht al syn libben lang om’t er Abel, syn broer, wurge hie. Och, wat docht it God sear, hoe kinne hja rêden wurde dy’t alle dagen Gods bern en it lichem fan Kristus ferbanne, útrûpelje en jammerdearlik fermoardzje? De hiele wrâld is yn it wetter ferdronken om’t bern fan God de dochters fan de minsken begearden, mei’t se moai wiene. Betink dochs wat der hjoed-de-dei in ôfgryslike ûnreinheid, ûnsuverheid, huorrichheid en oerhoer bedreaun wurdt troch dejingen dy’t net inkeld romje op ’e namme fan Kristus, mar ek op dat se haden fan gemeenten binne, pylders en leararen fan it heechste.

Sodom en Gomorra en de plakken dêromhinne binne troch Gods grime ferflokt, ferbaarnd en fersonken om har grutskens, har slijens, har heareneintsje libben, har ûnmeilydsumens en har ôfgryslikheden. Hoe komt it dan mei alle ûnsuvere, stjonkende bokken fan dizze tiid, dy’t binne as ûntidich spuitsjende hynsten en mûlezels. Hoe komt it dan mei de onaniten, de weaklingen, de homoseksuelen en de manljusskeiners? Rome, de oarsprong fan alle ûnbeskamsume huorkerijen, is harren mem, harren helske tatemem.

Takomme snein fierder.

oktober 17, 2021 07:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.