‘Fûnemintboek’ Menno Simons (2)

oktober 10, 2021 07:42

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (1) | It Nijs

Ut Haadstik 1. De Tiid fan Genede

ynlaat troch Eric Hoekstra

It ûnderwerp fan it earste haadstik fan Menno syn Fûnemintboek is oars as it begjinhaadstik fan Kalvyn syn Institutio christianae religionis en dat fan Luther syn Der Große Katechismus. Dy sette beide útein mei in haadstik oer de tsien geboaden. Hja slane in âldtestamintyske toan oan. Menno dêrfoaroer set útein mei it nijtestamintysk boadskip dat Jezus Kristus ôfjout yn de synagoge fan Nazaret (Lukas 4:16-21). Jezus lêst dan út de boekrol de bekende passaazje út Jesaja 61:1-2. Dêr wurdt in tiid fan genede fan de Hear yn útroppen en Jezus seit dan: “Hjoed is dizze skriftpassaazje yn jim earen ta ferfolling kommen.” Luther en Kalvyn sykje harren hâldfêst yn de geboaden fan it Alde Testamint, wylst Menno Simons hâld siket by it Nije Testamint. Menno hat de ynhâld fan Jezus syn wurden goed oanfield troch te sprekken fan in tiid fan genede, krekt as de Nieuwe Bijbelvertaling. De Herziene Statenvertaling is hjir slopper: “het jaar van het welbehagen van de Heere”. It kaaiwurd fan Jezus syn wurk en offer is ommers genede.

Men kin jin ôffreegje wêrom’t Kalvyn en Luther mei de geboaden fan it Alde Testamint úteinsette, en Menno mei de tiid fan genede. Betink dat Kalvyn en Luther folle better oplaat wiene as Menno. Kalvyn en Luther wiene sadwaande mear beynfloede troch de roomsk-katolike teology fan dy tiid. Menno hie, neffens wat er sels sei, yn syn oplieding inkeld mar leard om in tsjinst te lieden en op de goede mominten yn de tsjinst de goede Latynske wurden te sizzen, sûnder dat er dy wurden sels mar begriep. Doe’t er it Nije Testamint begûn te lêzen, die er dat fris fan ’e lever, sûnder teologyske bagaazje. Syn efterstân op Luther en Kalvyn wie dêrtroch yn feite in foarsprong.

Hjirûnder folget no it begjin fan Haadstik 1 út it Fûnemintboek.

De tiid fan genede

Wy drage itselde út as wat Kristus Jezus, Learaar fan de himel, de Mûle en it Wurd fan de alderheechste God, sels útdroegen hat, nammentlik dat it no in tiid fan genede is, in tiid om berou te hawwen en boete te dwaan, dat is berou, noed, jammerklachten, ôfkearing en ferstjerring fan it sûndige fleis ofwol it âlde libben, om fernijd te wurden, om ferkwikt te wêzen en op te stean ta in nij libben, lykas Hy seit:

De tiid is fol makke, it keninkryk fan God is deunby,
betterje dyn libben en leau it goede nijs.

De tiid dy’t kommen is, is de tiid fan genede en barmhertichheid. Dy tiid wie tasein en is no kommen. De tiid fan de ferskining fan it taseine Bern.

      • De tiid fan de ferlossing.
      • De tiid fan it Offer dat alle dingen fernijt, op ierde en yn de himel.
      • De tiid dat elk fleislik foarskrift yn it Alde Testamint, figuerlik opfette, ferfolle wurdt yn it geastlik bestean en yn de bestindige wierheid.

De tiid dêr’t de heiten fan sprutsen en profetearre hawwe en mei in protte triennen nei lange hawwe, lykas Jakob, Mozes, Jesaja, David en Daniël, en alle patriarchen, heiten en profeten dy’t dizze fiere tiid sjoen hawwe en deryn leaud hawwe. Dizze genedetiid hat foar de bern fan God sa’n grutte nocht en treast west dat de rjochtfeardige Simon langer net libje woe doe’t er ienris dy tiid sjoen en dat heil kend hie, want hy bea alsa:

O Hear, lit no neffens Jo Wurd jo feint yn frede,
want myn eagen hawwe Jo heil sjoen,
dat Jo foar de oanskyn fan alle folken reemakke hawwe.

Dy tiid is no oanbrutsen, de langst fan de heiten en de profesijen fan de profeten fine no mei krêft en faasje har ferfolling, de eed dy’t sward wie, is folbrocht, Israel hat syn kening David, syn prins en foarst, ûntfongen. Hy makket him klear as in reus om Syn libbenstaak te folbringen. Hy is útgien út de hege himel. De Salvling is kommen, de langst fan de heidenen, mei it swurd fan de geast omgurde, as in rider, ree foar de geastlike striid.

Hy hat it evangeelje fan Syn keninkryk ferkundige, it Wurd fan Syn Heit, en Hy hat wa’t Sines is, in foarbyld fan wiere leafde en libben neilitten en oanleard. De Sterke hat er oerwûn.

      • Hy hat Satans geweld ta neat makke.
      • Hy hat de sûnden droegen.
      • Hy hat de dea weimakke.
      • Hy hat fermoedsoening mei de Heit brocht.

Hy hat de genede foar ús fertsjinne en ferwurven, en geunst en barmhertichheid, en it ivige erfryk en libben fan de útkarde bern fan God. Sa is Hy troch Syn beminde Heit oansteld as kening fan de hillige berch Sion, as haad fan de gemeente, Hy partet it himelske guod út, Hy partet de himelske jeften om. Hy is de almachtige Hear oer alles yn de himel en op de ierde wurden. Dêrom sei Kristus Jezus dat de taseine genedetiid ferfolle wie en dat Gods keninkryk deunby kommen wie.

Takomme snein fierder.

oktober 10, 2021 07:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.