‘Fûnemintboek’ Menno Simons (1)

oktober 3, 2021 07:30

Wat hjiroan foarôf gie: Koarte beredenearre bibliografy | It Nijs

Menno Simons syn Foaropwurd

mei in taljochting foarôf troch Eric Hoekstra

Opdracht en Bibelsitaten, Ynhâld en Foaropwurd

1 De ferfolging en de opdracht oan de oerheid

It boek is yn it bysûnder opdroegen oan de oerheid en dat liket in braaf klisjee:

Menno Simons winsket de wetlike oerheid en alle minsken ta, likefolle hokker namme, steat of berop oft se ek hawwe, dat se ferljochting ûnderfine meie, wiere kennisse en it ivige libben fan God de Heit en fan ús leave Heare Jezus Kristus. Hy hat fan ús holden en Hy hat ús mei Syn bloed fan ús sûnden skjinwosken. Sines is lof, eare en lofpriziging, fan ivichheid oant ivichheid. Amen.

Neat is minder wier! Dy opdracht hat Menno skreaun yn in tiid dat hysels en de oare menisten ferfolge waarden troch de oerheid, op oanstean fan de Roomske tsjerke (en letter op oanstean fan de kalvinistyske tsjerke). Unskuldige brave fromme manlju en froulju waarden troch de oerheid ophongen (manlju) of ferdronken (froulju), ek hjir yn Ljouwert. Koene Luther en Kalvijn feilich oan harren skriuwsels wurkje, beskerme troch in oerheid dy’t it mei harren hold, Menno Simons waard troch de oerheid krekt opjage. Der stie in priis op syn holle en as er yn ’e kloeren fan de oerheid fallen wie, hie er itselde lot ûndergien as safolle oare kristenen: de deastraf, tapast yn it Ljouwert fan 1540, mar ek hjoed-de-dei noch tapast yn Noard-Koreä, Sina, Pakistan, Saûdy-Arabië en Iran, om mar in pear lannen te neamen dêr’t kristenen ferfolge wurde mei martelingen, konsintraasjekampen en ‘ferdwining’ sûnder foarm fan proses.

Mei dy opdracht oan de oerheid bringt Menno dan ek de neisteleafde fan Kristus yn de praktyk: “Bid foar wa’t jim ferfolgje”. En nearne yn it boek ropt er op ta gewelddiedich ferset tsjin de oerheid. In kristen mei ommers net deameitsje. In kristen moat ommers de oerheid hearrich wêze, salang as dat net tsjin Gods geboaden yngiet. Kristus sels ropt nearne op ta gewelddiedich ferset, mar advisearret om by ferfolging te flechtsjen, oars net.

Net allinnich fanwegen harren eigen ferfolging, mar ek fanwegen de ferfolging fan Jezus Kristus sels (troch de Romeinske oerheid) hawwe de menisten nea oanstriid hân ta teokrasy. De tsjerke mei net smoarge hannen meitsje troch mei de oerheid gear te spannen om tsjinstanners derûnder te krijen. Dat is in foarnaam ferskil tusken Menno syn tinken en it tinken fan Kalvijn en Luther, dy’t it wol goed achtsje om de oerheid foar it karke fan de tsjerke (dat wol sizze har eigen denominaasje) te spannen.

2 De sitaten en de fokus op it Nije Testamint

Menno leit de klam op it Nije Testamint, dus op it boadskip fan Jezus. Boarne: pixabay © congerdisign

Dat ferskil tusken Menno oan de iene kant en Luther/Kalvijn oan de oare kant hinget gear mei in ferskil yn fyzje op de relaasje tusken it Alde Testamint en it Nije. Teokratyske ideeën lykje útdroegen te wurden yn it Alde Testamint en Luther en Kalvijn nimme dat oer. Foar Menno Simons is lykwols allinne it Nije Testamint wetlik jildich. En dat blykt út de rige sitaten dy’t er jout by wize fan iepeningsstatement by syn boek foarôfgeand oan de tekst sels. Dy sitaten steane hjirûnder alle tsien oanhelle:

Dit is Myn iennichste Soan, yn Him haw ik wolbehagen. Harkje nei Him.
(Matteüs 17:5)

Kom allegear ta My, jimme dy’t in swiere lêst meitôgje. Dan sil Ik jimme ferkwikking jaan.
(Matteüs 11:28)

Lit wa’t toarst hat, ta My komme. Leau yn My, sa seit it Boek, en streamen fan libben wetter sille út jim side opspringe.
(Johannes 7:37-38)

Ik bin it ljocht fan ’e wrâld. Elkenien dy’t My folget, giet net yn tsjusterens, mar sil it ljocht fan it libben hawwe.
(Johannes 8:12)

Ik bin de Wei, de Wierheid en it Libben.
(Johannes 14:6)

Dit is de Wei. Folgje dy en dwaal net ôf, net nei lofts en net nei rjochts.
(Jesaja 30:21)

Nau is de wei en eang is de poarte nei it ivige libben, en der binne net folle dy’t him fine.
(Matteüs 7:14)

Wa’t My folgje wol, moat Himsels fersaakje. Hy moat syn krús opnimme en My neifolgje.
(Matteüs 16:24)

Wa’t it opnimt foar My en Myn Wurd yn dizze sûndige en ûntrouwe generaasje, foar him sil de Minskesoan it ek wer opnimme.
(Markus 8:38)

Wa’t oan ’e ein ta folhâldt, sil rêden wurde.
(Matteüs 24:13)

  1. It earste dat opfalt is dat 9 fan de 10 sitaten út it Nije Testamint komme. En it iennichst sitaat út it Alde Testamint is út Jesaja, it bibelboek dat de measte affiniteit hat mei it Nije Testamint en dêr’t it Nije Testamint faak út sitearret. It Nije Testamint stiet by Menno folle mear sintraal as by Luther en Kalvijn. Dat blykt út it feit dat Luther en Kalvijn beide in apart haadstik yn har boeken hawwe oer de âldtestamintyske 10 geboaden (yn Luther: DerGroßeKatechismus, yn Kalvijn: Institutio christianae religionis). Menno hat yn syn boek, dat nei harres skreaun is, bewust net sa’n haadstik opnommen.
  2. It twadde dat opfalt is dat de sitaten út it Nije Testamint allegear útspraken fan Jezus sels binne. Menno is dus op Jezus rjochte, en dat uteret him yn it feit dat hy útspraken fan Jezus sels oanhellet. Dat is ek in grut ferskil mei benammen Kalvijn, dy’t navenant net folle omtinken oan de lear fan Jezus sels jout, mar dy ferwetteret, bygelyks yn syn útlis fan it ferhaal fan de rike jongeling. Lyksa ûntkende Kalvijn dat de earste kristenkloft út Hannelingen syn guod en besit mienskiplik hie, of leaver, dielde mei wa’t wat nedich hie. Kalvijn ferwetteret de lear om it boargerlik akseptabel te meitsjen. It is better om de lear suver en strang neffens de Bibel te hâlden, en de eigen sûnde yn it tekoarsjitten ta te jaan en by Jezus yn gebed te bringen. Dat is neffens my ek de essinsje fan rjochtsinnichheid. Jezus is hieltyd nedich om de kleau tusken jins eigen tekoartsjitten en de hege idealen fan it Nije Testamint te oerbrêgjen. Wa’t de hege idealen ferwetteret en mooglik makket, rjochtfeardiget himsels en hat Jezus net mear nedich.

Menno hat noch in ekstra sitaat apart set, diskear in útspraak fan Paulus oer Jezus, en dy útspraak ûnderstreket nochris hoe bot oft Menno Simons op it Nije Testamint en op Jezus Kristus rjochte is:

Der kin gjin oar fûnemint lein wurde as wat lein is, dat is Jezus Kristus sels. (1 Korintiërs 3:11)

3 De kar fan ûnderwerp wjerspegele yn de kar fan haadstikken

By de kar fan ûnderwerp is Menno bytiden wat oars as by Luther en Kalvijn. Wat by Menno mist yn ferliking mei Luther en Kalvijn is in haadstik oer it gebed. Dat is fansels in grut gemis. Ynstee fan in haadstik oer de âldtestamintyske geboaden hat Menno haadstikken oer “De tiid fan genede” en “It wiere boetedwaan”, dy’t wy aansen besprekke sille, mar dêr’t nochris de fokus op Jezus Kristus út sprekt. Luther, Kalvijn en Menno hawwe alle trije haadstikken oer doop, jûnmiel (sakraminten) en it leauwe. Luther wykt ôf mei in haadstik oer de bycht, dat mist by sawol Menno as Kalvijn. Luther hat ek gjin haadstik oer de relaasje mei de oerheid, in punt dat by Kalvijn wiidweidich oan ’e oarder komt.

No’t wy tsjerkestifters mei-inoar ferlykje, woe ik wize op in nuveraardich petit fait. Kalvinisten binne neamd nei de efternamme fan de stifter fan har denominaasje, en sa ferwize kalvinisten sels ek nei har stifter. Se sizze Kalvijn en net Johan. Lutheranen binne lyksa neamd nei de efternamme fan de stifter fan harren denominaasje, en sa ferwize lutheranen sels ek nei har stifter. Se sizze Luther en net Maarten. Mar menisten binne neamd nei de foarnamme fan harren stifter, en se sizze sels ek Menno en net Simons, as se it oer de stifter fan har denominaasje hawwe. Dat is wol apart en in ôfdwaande ferklearring haw ik der net foar.

4 Foaropwurd

Hjirûnder folget dan it begjin fan it Foaropwurd. Betink dat it skreaun is doe’t Menno en de dopersken harren leauwe mei de dea bekeapje koene:

Yn ús tiid sjogge wy, en ik meitsje it sels ek mei, dat it wier is wat de profeten en de apostels oer Kristus profetearre hawwe. Se foarsjogge in yslike, freeslike ferdrukking, ellinde en need, ferfolging, gefaren, benaudens, de falske leare fan de lêste tiid, sa freeslik en grouwélich dat de genedige God dizze dagen ferkoartsje moat. Oars sille wy allegear omkomme. Dêrom bidde wy dat God ús genedich is en dat jimme, oerheden en alle oare minsken, jim yngeand yn ús saak ferdjipje wolle en dat jim dit boek lêze en begripe wolle.

Dan sille jim lang om let beseffe hokke leare oft wy oanhingje
en wêrom oft wy alle dagen lije en stride,
wêrom oft wy ferband wurde, bestellen, begekjage, beflybke
en as ûnskuldige skiep op ’e slachtbank wjirge.

Dan sille jim gûle en jammerje foar de almachtige God fanwegen it bloed dat jim streame litten hawwe. Dan sille jim skou en hoeden wêze en net trochgean om jimsels faai te stellen troch noch mear skuld op jim te laden. Dan wurde jim, oerheid, in kristlike wize wiere en godfreezjende oerheid, gjin dieven en moardners fan earme widdowen en wezen, mar helpers en hoeders, gjin dylgers mar planters fan Gods rjochtfeardichheid. Jim sille Gods Wurd net langer skeine, mar oprjochte foarstanners fan Gods Wurd en libbenswize wurde. Wriuw jim de eagen mei eachsalve. Dan sille jim yn ’e kunde komme mei de rjochte wei, de wierheid en it libben.

      • De rjochte wei is eang, bang en nau, en net folle minsken folgje dy.
      • De wierheid is oan gjinien bekend, útsein dejingen dy’t troch de Geast ûnderwiisd wurde, dy’t troch de Heit ferljochte en oanlutsen wurde.
      • It libben, dat is God kenne en Dejinge dy’t Hy stjoerd hat, dat is Kristus Jezus.

Ja, meie jim mei Him yn ’e kunde komme, dy’t jim yn jim blinens sa grouwélich en ferskriklik deastutsen hawwe. Dan sille jim jim troch kennis fan Jezus mei Paulus fernederje en lyts meitsje ûnder de almachtige hân fan God. Dan sille jim jim net de klean skuorre, sa’t Israel die, mar jim kweade hert.

Jim sille fêstje, suchtsje en skrieme foar de Hear.
Want Hy is net grimmitich, mar myld en genedich.

oktober 3, 2021 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.