FryslânDOK oer keunstner Zoltin Peeter

oktober 28, 2021 08:29 Fernijd

Doe’t keunstner Zoltin Peeter ûngenêslik siik waard, naam er it beslút om it measte fan syn wurk te ferneatigjen. In lytse seleksje mocht bliuwe. Twa jier nei syn dea makket FryslânDOK in portret fan Zoltin, de Amsterdammer dy’t nei Fryslân gie om him folslein konsintrearje te kinnen op syn wurk. ‘ZOLTIN – het dient eerst te vriezen alvorens er ijs is’ is te sjen op 30 oktober by NPO2 en op 31 oktober by Omrop Fryslân.

Zoltin Peeter (boarne: Omrop Fryslân)

Op 15 maaie 2019 komt keunstner/tekener Zoltin Peeter te ferstjerren, 76 jier âld. Trije moanne dêrfoar is by him sloktermkanker fêststeld. Hy nimt it beslút om him net behannelje te litten. Wend om sels de rezjy te fieren, kiest er foar eutanasy.

Zoltin Peeter yn IIslân (boarne: Omrop Fryslân)

Byldtaal
Peeter wenne allinnich, op in pleats yn de Hallumer mieden. In besiele keunstner dy’t al fan de betide jierren sechstich ôf tentoanstellings hie yn belangrike galerys en musea. Hy wûn ynternasjonale prizen. Yn de jierren santich ferhuze er nei Fryslân. Dêr fûn er de stilte en de romte om him folslein konsintrearje te kinnen op syn wurk en op it ûntwikkeljen fan in hiel eigen byldtaal.

Wetterfal
In stúdzjereis nei de Feriene Steaten bringt him op in spoar dat er de rest fan syn libben folgje sil. Oan de westkust komt er ûnferwachts each yn each te stean mei in wetterfal, dy’t grutte yndruk op him makket. Op syk nei oare wetterfallen bedarret er yn Yslân en Noarwegen. Fan dy tiid ôf wurdt de hiele noardlike natuer syn ynspiraasjeboarne en de wetterfal syn muze. De swidens fan syn natuerûnderfinings fertaalt er nei tekeningen en skulptueren. Hy kreëarret in moaie, hast ûnbeneambere wrâld.

Bestimming
In pear moanne foar syn dea hâldt er op mei tekenjen. Hy freget syn freonen om him te helpen by it ferneatigjen fan syn wurk. In lytse seleksje mei bliuwe. Programmamakker Albert Jensma folget foar FryslânDOK Peeter syn freon en eksekuteur testamintêr Dolph Kessler. Dy hat himsels as taak steld om foar it wurk fan Peeter in in goede bestimming te finen. Mar wa wol it hawwe?

FryslânDOK: ‘ZOLTIN – het dient eerst te vriezen alvorens er ijs is’
Sneon 30 oktober, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 31 oktober 13.10 oere)
Snein 31 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

oktober 28, 2021 08:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.