FryslânDOK: ‘Nije Eagen’

oktober 21, 2021 08:47

FryslânDOK presintearret mei ‘Nije Eagen’ trije koarte dokumintêres fan jonge makkers. Sytske Hoogterp, Eza Doortmont en Annemarie Lindeboom jouwe mei harren films in hiel eigen blik op de maatskippij. De films binne te sjen op 23 oktober by NPO2 en op 24 oktober by Omrop Fryslân.

‘Libbenslinen’ (byld: Sytske Hoogterp)

Sytske Hoogterp, Libbenslinen
Sytske Hoogterp (1989) folget lânskipshistoarikus Jeroen Wiersma (1985) by syn ûndersyk yn ien fan de lêste stikjes boeregreppellân yn Fryslân. Yn dy omjouwing mei lagen fol libben en kultuerhistoarje freget se har lûdop ôf hoefolle folgjende generaasjes oft har noch oer dy rykdom ferwûnderje kinne.

‘Fan blom oant bôle’ (byld: Eza Doortmont)

Eza Doortmont, Fan blom oant bôle
Eza Doortmont (1993) is fassinearre troch dingen yn ús maatskippij dy’t ferdwine kinne. As tsiende generaasje yn syn famylje is Marten Boonstra út Akkrum in grutske Fryske bakker, dy’t him sterk ferbûn fielt mei it ferline. It bakkersfak en de famyljeskiednis binne foar Boonstra fansels, mar oft de folgjende generaasje dat ek sa ûnderfynt, is de fraach.

Annemarie Lindeboom, Flatliners
Yn ‘Flatliners’ smeit filmer en wurdkeunstner Annemarie Lindeboom (1989) bylden, wurden en muzyk ta ‘de soundtrack fan in flat’. Dêr filmet se de bewenners fan in flatgebou yn har wenplak Ljouwert foar, dy’t ‘de sin fan har libben’ mei har diele.

Annemarie Lindeboom (byld: Annemarie Lindeboom)

‘Nije Eagen’ kaam ta stân troch de gearwurking tusken FryslânDOK, Stichting Thuishaven en Plons! Filmfestival, mei as doel om jong talint de kâns te jaan in dokumintêre te meitsjen.

FryslânDOK ‘Nije Eagen’
Sneon 23 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling 24 oktober 13.10 oere)
Snein 24 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).

oktober 21, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.