Fryslân rêdt himsels mei ynkeap duorsume stroom
Resint ferskynd
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Emosjonele spiler lit Dútske plysje útride 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Yndiaaske amtner lit 2 miljoen liter wetter fuortpompe om mobyl werom te finen 1
De Fryske oerheden wolle enerzjy dy’t duorsum en leafst lokaal wûn is sels ynkeapje. Dat slút oan op de Regionale Enerzjystrategy. De OVEF, it ynkeapkollektyf fan de Fryske oerheden, sil dat dan ek fan 2024 ôf dwaan. It giet om yn totaal 53 miljoen kilowattoere op jierbasis
Om fraach en oanbod fan enerzjy goed opinoar ôfstimme te kinnen en om de enerzjy sa ticht mooglik by de boarne brûke te kinnen hat de OVEF de ideale skaalgrutte socht. Dy blykt oerien te kommen mei de grutte fan de provinsje Fryslân. As boarne en ôfnimmer te fier byinoar wei sitte, freget dat om in protte netkapasiteit. Dat is op it stuit de swakke skeakel, want der is krekt sprake fan oerbelêsting. In goede balâns is net maklik te finen, mar de provinsjale skaal liket de oplossing. Mei de griene stroom út ferskillende boarnen wolle de Fryske oerheden yn 2024 allinne noch mar duorsume en lokale enerzjy leverje.
It enerzjykollektyf tinkt der noch foar takomme jier yn te slagjen om dêr de krekte partijen foar te finen.
Mear ynformaasje is te finen op
Openbare Verlichting en Energie Fryslan – Home (ovef.nl)
en op
Duurzame stroom uit eigen regio – Binnenlands Bestuur
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje