Fryslân net langer gefaarlikste provinsje fan Nederlân

oktober 7, 2021 11:46
Boarne: pixabay.com

It Europeeske sintrum foar sykteprevinsje ECDC hat Fryslân as lêste provinsje fan Nederlân koade oranje jûn. Alle oare provinsjes hiene dy koade al, wylst Fryslân noch read wie, om’t de kâns op besmetting mei it koroanafirus der neffens it ECDC heger wie as yn oare provinsjes. Yn Fryslân wiene de lêste tiid navenant in soad besmettings fêststeld.

It oanpart positive testútslaggen is lykwols hurd nei ûnderen ta gien: de ôfrûne fjirtjin dagen wiene der sa’n tûzen Friezen by wa’t it koroanafirus oantoand is. Dat komt del op 159 foar elke hûnderttûzen ynwenners. Yn Limburch is by 175 op ‘e hûnderttûzen minsken in besmetting fêststeld. Dy provinsje leit der wat koroana oanbelanget no it raarste hinne.

Koade oranje is fan de fjouwer kleurkoades op ien nei de geunstichste: derûnder sit grien, derboppe ljochtread en donkerread.

oktober 7, 2021 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.