Fryslân ferkearsfeilichste provinsje fan Nederlân

oktober 6, 2021 08:48

Yn 2020 waarden yn Nederlân op de tûzen ynwenners 5,9 ferkearsûngelokken registrearre. Yn Fryslân wie dat promilaazje leger, nammentlik 4,8. De provinsje wie dêrmei it meast ferkearsfeilich fan Nederlân, want nearne is it tal registrearre ynsidinten sa leech. De ferkearsfeilichste gemeente is it autolije Skiermûntseach: dêr barde sels net ien ferkearsûngemak. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan de plysje en Rykswettersteat.

Foto: pixabay.com

Ferkearsfeilichste gemeenten fan Fryslân
Yn Fryslân is nei Skiermûntseach It Amelân it ferkearsfeilichst. Dêr waarden ferline jier 2,9 ferkearsûngemakken op tûzen ynwenners registrearre. Yn Dantumadiel (3,2), Achtkarspelen (3,5) en Noardeast-Fryslân (3,6) barden op tûzen ynwenners ek relatyf net folle ûngelokken yn it ferkear.

Yn Opsterlân mei 6,5 rûnen de ferkearsdielnimmers it measte risiko.

Measte brokkepiloaten yn Ljouwert
Fryslân telde yn 2020 yn totaal 3.154 meldingen fan ferkearsûngelokken en de measte brokkepiloaten wiene yn Ljouwert te finen. Dêr gie it ferline jier 613 kear mis. Yn Súdwest-Fryslân (421) en yn Smellingerlân (297) wiene ek in protte ûngelokken.

Relatyf measte ûngelokken op rjochte diken
De helte fan alle Nederlânske registrearre ferkearsûngelokken dêr’t ek it type dyk by bekend is, barde yn 2020 op in rjochte dyk (50,2%). Dat wiene foaral kop-sturtbotsingen en ûngelokken dêr’t reauwen by yn ’e flank rekke waarden. Ferkearsûngelokken op krúspunten (22,8%) kamen ferline jier ek relatyf faak foar.

Skande foar de skeafrije jierren
De finansjele gefolgen fan ferkearsûngemakken falle ek net altyd ta. Menno Dijcks, ekspert autofersekeringen by Independer, warskôget: “Ferkearsûngelokken hawwe hast altyd ynfloed op it tal skeafrije jierren fan in autobestjoerder, útsein as de skea folslein op in oar ferhelle wurde kin. By in skea ferliest men altyd fiif skeafrije jierren. As men bygelyks trije skeafrije jierren hat, dan falt men nei in skea tebek nei -2 skeafrije jierren. It is lykwols net mooglik om minder as -5 skeafrije jierren te hawwen.”

Der binne wol manieren om de finansjele gefolgen fan in ûngelok te minimalisearjen. Dijcks: “It tal skeafrije jierren hat grutte ynfloed op de preemje fan jins autofersekering. Dêrom riede wy oan om by in wiziging yn skeafrije jierren opnij autofersekeringen te ferlykjen. Dat kin jin nammentlik in protte jild besparje en meastal kin men de fersekering direkt oerslute.”

oktober 6, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Klaas Wijnsma oktober 9, 11:40

    Betekent dat dat ik yn ‘e takomst wol wer wat hurder jeie kin yn Fryslân?

  2. Johannes Rozenga oktober 10, 11:05

    Jei hurd, Klaas. Dan hasto ek earder in ûngemak.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.