Frysker.nl: nij Frysk taalwebstee

oktober 31, 2021 14:33

Wolle jo fluch in sprekwurd hawwe mei it wurd ‘foet’ deryn? Of wolle jo witte oft der ek gaadlike synonimen binne foar ‘klear’? Earder wie it gauris gâns in sykjen ear’t jo besette koene dêr’t jo ferlet fan hiene. It nije webstee Frysker.nl makket it in einhinne makliker.

Frysker.nl is makke troch de Fryske Akademy yn Ljouwert. Dat wittenskiplike ynstitút foar Fryske taal, kultuer en skiednis hat earder al it webstee taalweb.frl makke. As Frysker.nl klear is, sil taalweb.frl lang om let ferdwine.

Guon bekende ûnderdielen fan taalweb.frl binne op Frysker.nl ek werom te finen. De ‘foarkarswurdlist’ stiet der wer op, ûnder it kopke ‘Sykje’. Dêr kin men yn fine oft wurden skreaun wurde neffens de offisjele regels en oft se hearre by de wurden dy’t de Fryske Akademy as ‘Standertfrysk’ oanwiisd hat.

Dat lêste wie net elkenien it mei iens. Sjoernalist, skriuwer en Gysbert Japicxpriiswinner Abe de Vries skreau fan ‘t wike al yn it Frysk Deiblêd dat de Fryske Akademy de Friezen te direktyf de eigen foarkar opleit. De Vries makket diel út fan in grutte groep minsken dy’t har al jierren tsjin it oplizzen fan nije regels foar it Frysk fersette.

Like bekend op Frysker.nl binne de staveringshifker, de online-wurdboeken, de oersethelp, de ‘paadwizer’ mei in útlis fan alle offisjele staveringsregels en de bestannen dy’t jo delhelje kinne: staveringshifkers foar snoadfoans en tekstferwurkers, en it digitale Frysk wurdboek.

Nij binne de al neamde synonimesiker, de sprekwurdsiker en de fuort tagonklike haadstikjes fan de ‘paadwizer’ oer tiidwurdbûging en ynterpunksje. Wat fierder opfalt is dat de Radboud Universiteit net langer as partner neamd wurdt. By it meitsjen fan Frysker.nl hat de Fryske Akademy oparbeide mei taalorganisaasje Afûk yn Ljouwert en it Amsterdammer kompjûterbedriuw Gridline. It âlde taalweb.frl wie ien fan ‘e pear ientalich Fryske websteeën op it ynternet, wylst Frysker.nl twatalige kopkes hat, mei it Nederlânsk yn lytse letterkes ûnder it Frysk. Opfallend is fierder dat de domeinekstinsje .frl ynruile is foar .nl, wylst de provinsje (dy’t it meitsjen fan it webstee stipe hat) safolle muoite dien hat om dy ekstinsje der komme te litten. It webstee Frysker.frl liket net ienris kocht te wêzen. Dat moat miskien mar gau wêze, ear’t in spekulant dermei oan ‘e haal giet.

oktober 31, 2021 14:33
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Wopke oktober 31, 16:36

    Kloppet it dat de wurden by ‘Synonimen’ standertfrysk binne, en de farianten net?

  2. Cor Jousma novimber 1, 12:31

    [Kloppet it dat de wurden by ‘Synonimen’ standertfrysk binne, en de farianten net?]

    Bêste Wopke, yn 2015 hawwe de Provinsjale Steaten gjin standertlist mar in foarkarslist gearstalle litten troch de Fryske Akademy. Dy farianten komme gauris út ien fan dialekten fan it Frysk en binne perfoarst net fout. Sis mar út it Wâldfrysk, it Klaaifrysk en inkeld it Súdwesthoeksk.

    Dy foarkarslist waard makke om de bern op skoalle wat mear hâldfêst te jaan, mar dêrbûten bestiet in soad romte of rûmte…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.