Fryske Tsjerkedei
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Fryske Tsjerkedei
Tema: Ljocht en Fjoer
Dit moat ik mar efkes foar jim oersette: Friese Kerkendag, thema: Licht en Vuur. Sa, ik hoopje dat jim my fierder folgje kinne.
Ljocht en Fjoer, dat wiene de ienichste Fryske wurden yn de brosjuere dêr’t it barren yn oankundige waard. O, nee, der stie ek noch in liet út it Frysktalige Lieteboek (2015) yn. Dat wie it. Mar it wie wol in Fryske Tsjerkedei, ekskús, Friese Kerkendag.
Minsken as Wumkes en Huismans, mannen dy’t harren sa ynset ha foar it Frysk yn ’e tsjerke, ha yn harren grêf grif in minne dei hân.
Ien ljochtpuntsje: de tsjerketsjinst, dêr’t de dei mei úteinsette, waard iepene troch ús fan hûs út net-Frysktalige kommissaris fan de Kening – yn it Frysk. In inkel ferdwaald Frysk wurd en in pear Fryske lieten moasten fierder ús de yndruk jaan dat it om in Fryske Tsjerkedei gie. Earmoede!
Dat net alles yn it Frysk koe, is te begripen. Der wiene sprekkers út oare provinsjes en der wiene fansels ek gasten dy’t it Frysk net machtich binne. Twangmjittich it Frysk brûke hat gjin doel, mar jin beheine ta ‘ljocht en fjoer’ op in Fryske Tsjerkedei tsjûget doch hast fan lytsachtsjen fan de eigen taal.
Inger Wets
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje