Fryske top 100-startwike mei bysûnder karbidkanon

oktober 31, 2021 08:54 Fernijd

Omrop Fryslân sil fan moandei 1 oant en mei sneon 6 novimber de provinsje yn mei in grut, hypermodern elektrysk karbidkanon. It is dan de Fryske top 100-startwike, mei as tema: ‘Wy knalle deryn!’ De hiele wike binne der ek live optredens fan Fryske artysten (ek te hearren en te sjen op 92.2 FM en telefyzje). Friezen kinne fan de startwike ôf wer stimme foar de list mei de hûndert bêste platen yn it Frysk of in Fryske streektaal. De Fryske top 100 wurdt alle jierren op âldjiersdei útstjoerd.

Geert van Tuinen (foto: Omrop Fryslân)

CO2-neutraal karbidkanon
Projektlieder Herman Zeilstra is de útfiner fan it karbidkanon: “It is spesjaal makke foar de startwike. It kanon is hielendal elektrysk en dêrom CO2-neutraal. Foar in moaie lûdsbelibbing is it kanon ek foarsjoen fan de nijste digitale techniken. It is in feest om it ôf te stekken!” Publyk is wolkom as Omrop Fryslân delkomt yn de ferskate doarpen en stêden. Harkers fan Omrop Fryslân meie ek sels én feilich it karbidkanon ôfstekke as sy harren stim útbringe op fiif favorite Fryske nûmers.

Optredens yn de bûtenloft
De live-optredens binne koroanaferantwurde yn ’e bûtenlucht. De artysten dy’t optrede sille, binne: Gurbe Douwstra, Gaatze Bosma, Piter Wilkens, Weima & Van der Werf, Emiel Stoffers, Griet Wiersma en Marcel Smit.

In oersjoch fan alle plakken dêr’t Omrop Fryslân delkomt is te finen op omropfryslan.nl/top100. Fia dy webside kinne minsken ek harren top 5 ynstjoere en kâns meitsje op in Omrop Fryslân-mûtse.

oktober 31, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.