Fryske media inisjearje opliedingstrajekt foar sjoernalisten

oktober 13, 2021 07:55

Provinsjale subsydzje foar traineeprogramma Fryske taal en kultuer

De Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Omrop Fryslân bondelje de krêften om sjoernalisten op te lieden yn de Fryske taal en kultuer. Se begjinne mei in traineeprogramma foar jonge sjoernalisten. Foar it ûnderwiisdiel dêrfan wurkje de mediabedriuwen gear mei de Afûk en de Ryksuniversiteit fan Grins (RUG). De provinsje Fryslân makket it inisjatyf mei mooglik mei in bydrage fan goed 200.000 euro, ferspraat oer trije jier. Dêrmei kin de helte fan de traineeplakken finansiere wurde.

Foto: Omrop Fryslân

It giet foarearst om in projekt foar trije jier, dêr’t jierliks trije jonge sjoernalisten oan mei dwaan kinne. Dy kinne har ûntwikkelje op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis, sjoernalistyk en aktualiteit. De trainees dogge praktykûnderfining op by de redaksjes fan de trije media en folgje dêrnjonken in opliedingsprogramma. Dat programma wurdt yn gearwurking mei de Afûk en de RUG útwurke. It doel is in kurrikulum te ûntwikkeljen dat op termyn ek brûkt wurde kin yn de opliedingen fan studinten sjoernalistyk en Frysk. Dêrmei wolle de partijen de kwaliteit fan it Frysk yn de media yn stân hâlde en fierder ferbetterje en dêrnjonken Frysk sjoernalistyk talint foar de takomst behâlde.

De taal fan it publyk
De Fryske mediabedriuwen steane noed foar de Fryske taal, kultuer en identiteit, sa jouwe haadredakteuren Ria Kraa (Frysk Deiblêd) en Sander Warmerdam (Ljouwerter Krante) oan. Warmerdam: “It is wichtich dat ús sjoernalisten de taal fan it hert fan ús publyk begripe, prate en skriuwe kinne.” Ingrid Spijkers (haadredakteur fan Omrop Fryslân) follet oan: “Foar de Fryske taal en kultuer is no gjin omtinken yn de stúdzjes sjoernalistyk. Dêrom pakke we dat mei-inoar, en mei de ûnderwiispartners, op.”

In wichtich inisjatyf
De taalûnderrjochtynstelling Afûk en de ôfdieling Fryske taal- en letterkunde fan de RUG binne by de tarieding en útfiering fan it opliedingstrajekt belutsen. “Dit inisjatyf is wichtich om’t der sa mear sjoernalisten komme dy’t Frysk skriuwe kinne en dy’t boppedat better op ‘e hichte binne fan de Fryske taal en kultuer”, seit heechlearaar Fryske taal- en letterkunde prof. dr. Goffe Jensma. Direkteur Alex de Jager fan de Afûk: “It ferhaal fan Fryslân sa autentyk mooglik fêstlizze yn de taal fan de minsken út de regio, dat is dêr’t wy as Afûk mei dizze nije talinten én de hjoeddeiske betûfte sjoernalisten graach fierder oan wurkje.”

oktober 13, 2021 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.