Fryske Genealogyske Kontaktdei 2021 yn it teken fan wetter

oktober 23, 2021 08:24

De Genealogyske Kontaktdei op sneon 6 novimber by Tresoar en Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) is it grutste Fryske evenemint op it mêd fan famyljeskiednis. Edysje 2021 fan de Fryske Genealogyske Kontaktdei stiet yn it teken fan wetter: de binnenfeart, de skippers, harren skippen, harren famyljeskiednis, harren wurk en de sosjale omstannichheden.

Boarne: Tresoar

Op it programma steane ferskate lêzingen, rûnliedingen troch depots en stedskuiers. By Tresoar is der in genealogyske ynformaasjemerk en it Histoarysk Reisburo is iepen foar besikers mei fragen oer harren (famylje)skiednis. Ek it Histoarysk Sintrum Ljouwert is dy dei iepen. Tusken 13.00 en 16.00 oere kin de Aldehou fergees beklommen wurde.

De kontaktdei wurdt organisearre troch NGV Ofdieling Fryslân, Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, de Stichting FAF, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar. Op de websiden fan Tresoar en HCL is it programma te finen.

It evenemint is allinne tagonklik op fertoan fan in koroanatagongsbewiis. De tagong is fergees.

Ynkleure troch Robert Steenhuis, boarne: Tresoar

oktober 23, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.