Fryske ferzje yn Speakaboo-app foar logopedisten beskikber

oktober 20, 2021 09:30

Alle Frysktalige bern yn Fryslân groeie meartalich op. Meastal giet dat goed, mar dat is net altiten sa en dy bern wurde dan faak trochferwiisd nei in logopedist. Logopedisten krije pas in goed byld fan de taal- en spraakûntjouwing fan meartalige bern as se dy bern yn harren eigen talen ûndersykje kinne. Oant koartlyn wiene der gjin logopedyske ynstruminten foarhannen om mei te ûndersykjen hoe’t jonge Frysktalige bern har de lûden eigen meitsje. Dêrom is der no in Fryske ferzje fan de Speakaboo-app ûntwikkele. 

Boarne: Fryske Akademy

Spraakûntwikkeling by Frysktalige bern
Speakaboo is in app fan Kentalis. Dy wurdt troch logopedisten as observaasjeynstrumint ynset om op boartlike wize de spraakûntjouwing fan meartalige bern te ûndersykjen. Mei allinnich in Nederlânske test kriget in logopedist dêr by in Frysktalich bern gjin folslein byld fan. Dêrneist is noch nea goed ûndersocht hoe’t dy ûntjouwing by Frysktalige bern ferrint. Sûnder dy kennis is it dreech om op in betroubere wize spraaksteurnissen te diagnostisearjen en goed te behanneljen. Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy hat dêrom in Fryske ferzje fan de Speakaboo-app ûntwikkele, dy’t foar logopedisten fergees beskikber is.

Fryske ferzje Speakaboo-app
De Fryske ferzje is yntusken tafoege oan alle oare talen yn de Speakaboo-app: www.kentalis.nl/speakaboo. De ûntwikkeling fan de Fryske ferzje is troch Stichting De Friesland mooglik makke. De Speakaboo-app wurket op sawol in Android-tablet as in iPad.

Grutskalich ûndersyk nei Fryske en Nederlânske lûdûntwikkeling
De Speakaboo-app sil de kommende jierren brûkt wurde yn in grutskalich ûndersyk nei de Fryske en Nederlânske lûdûntwikkling fan jonge Frysktalige bern. Op dy wize ha logopedisten net allinnich in standerdisearre ynstrumint yn hannen om it fonologysk ûntjaan fan jonge Frysketalige bern te ûndersykjen, mar ek betroubere ynformaasje oer de folchoarder dêrfan yn it Frysk. Dat jout logopedisten goede hânfetten by de terapy fan dy bern.

oktober 20, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.