Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing yn Ljouwert en Harns

oktober 22, 2021 10:06

Fan ’t simmer hawwe de Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar yn Aarhus west op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange om mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Carsten René Nielsen en Mads Mygind de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Hispel) te presintearjen.

Foto: Pieter Postma

Fan ’t hjerst binne de Denen oan bar om Fryslân oan te dwaan en sa harren poëzy yn sawol Ljouwert as Harns klinke te litten.
Op 5 novimber om 20.30 oere steane de Deenske en Fryske dichters op it poadium yn de Westerkas yn Ljouwert. Dat is yn it wykein dat der rûnom omtinken is foar de Gysbert Japicxpriisútrikking. Kaartsjes binne fergees, mar moatte wol besteld wurde: explore-the-north.nl/nl/pagina/westerkas.
Op 7 novimber dogge hja de havenstêd Harns oan. Middeis 15:00 oere kin elk bûtendyks yn it smûke priuwlokaal fan Het Brouwdok komme foar oardel oere poëzy en muzyk fan Biltske sanger-fersyskriver Jan de Vries.

Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja bygelyks dwaande west om inoars wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter mei as einresultaat Oar hûs / Et andet hus. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen.

‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters har fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel.

oktober 22, 2021 10:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Pauline Veltman oktober 25, 11:46

    Wat leuk. Ik wenje al 22 jier yn denemarken. Us soan wennet yn Århus. Geweldig at så in gearwurking plak findt

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.